Zoek op inhoud

Frysk yn 'e klasse - CBS It Haskerfjild

‘Kom by ús op skoalle’, falt op in grut boerd te lêzen by CBS It Haskerfjild. In moai boadskip om bern harren wolkom fiele te litten op dizze basisskoalle op De Jouwer. Net gek, want hast al it personiel praat Frysk. Ien learkrêft springt der op it gebiet fan de Fryske taal dochs wol út: juf Sissy fan groep 1 en 2.

Frysk yn ’e klasse: CBS De Bonkelder (Wytmarsum)

Op basisskoalle De Bonkelder yn Wytmarsum stiet in juf foar de klasse dy't mear docht as lesjaan allinnich: juf Sieuwke Rijpma libbet it Frysk. En dat fiele de bern fan groep 7 en 8 oan alles. ‘It is mear as in fak, it is in gefoel’, seit se.

Frysk yn ’e klasse: CBS De Sprankeling

Joukje Hamersma is juf fan groep 1 en 2 op CBS De Sprankeling yn Damwâld. Joukje: ‘Ik fyn Frysk geweldich! Wy ha dan ek alle freeds “Fryske freed”, dan jouwe wy de hiele dei yn it Frysk les.

Frysk yn ’e klasse It Tredde Sté

‘In u mei in dakje sprekke we út as in “oe”’, seit juf Anna Veenje fan OBS It Tredde Sté yn Jirnsum. In learling út groep 5 lêst lûdop in tekst foar oer in tiny house. By it wurd ‘skjinmeitsjen’ stroffelt se efkes. Mar har klasgenoatsje wit presys wat der stiet en helpt har.

Frysk yn 'e klasse (Feanwâlden)

Rinskje Braaksma is juf fan groep 5 opde OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. De skoalle is krekt wer sertifisearre as trijetalige skoalle. Juf Rinskje stiet op trije dagen foar de klasse, mar is op de oare dagen ek oan it wurk. ‘Dan wurkje ik “boppeskoalsk” om it meartalich ûnderwiis binnen Roobol noch better op de kaart te setten.’ 

frysk yne klasse

Frysk yn ’e klasse (De Harkema)

Meester Patrick jout al fjouwer jier mei in protte wille les op ’t Holdersnêst oan groep 6 yn De Harkema. ‘Fan hûs út bin ik meartalich grutbrocht, mei in Nederlânske mem en in Fryske heit. De taal fan myn hert wie it Nederlânsk, oant ik op ’e basisskoalle kaam en mei myn klassegenoaten hast allinnich mar Frysk prate. 

Frysk yn 'e klasse: CBS De Oanrin yn Twizel

Suzanne Seepma is juf fan groep 7 en 8 fan CBS De Oanrin yn Twizel. Alle wiken jout se in oere oant oardeloere Fryske les oan de bern. Ek studearret se foar dosint Frysk oan NHL Stenden yn Ljouwert.