Zoek op inhoud

Joukje Hamersma is juf fan groep 1 en 2 op CBS De Sprankeling yn Damwâld. Joukje: ‘Ik fyn Frysk geweldich! Wy ha dan ek alle freeds “Fryske freed”, dan jouwe wy de hiele dei yn it Frysk les.

Wy wurkje meastal mei in tema en dêr slute wy de lessen en it materiaal op oan. Ik lês in protte moaie Fryske printeboeken foar. Mar wy brûke ek Spoar 8, Keimpe de Krokodil, Tsjil, Foar Alles in Ferske, de ferskes fan Hindrik van der Meer én it Boskwyfke.

De bern binne sljocht op it Boskwyfke. Ik begjin der altyd mei dat ik mysels ferklaai as it Boskwyfke. Ik doch dan in sjaal om mei bledsjes. Dat fine de bern prachtich! Dan lês ik in boekje foar en dêrnei sjogge wy nei it filmke. Ik fyn it moai om de bern bewust te meitsjen fan moaie Fryske wurden dy’t in bytsje ferlern reitsje, lykas it wurd “earrebarre” of “foks”. Ek wurkje ik in protte mei poppen. Dan hast altyd de oandacht fan de bern.

Ik hie eartiids ek in master dy’t echt Frysk wie, dat fûn ik moai. Ik ha sels ek it Foech Frysk en ik doch myn bêst om de taal op skoalle te stimulearjen. It skeelt dat wy mar ien berntsje yn de klasse hawwe dat net Frysk praat. Mar dy ferstiet it likegoed wol.

Neist dat it hiel moai is om yn it Frysk les te jaan, fyn ik it ek belangryk foar de taalûntwikkeling. Want wa’t meartalich is, leart der ek maklik in tredde of fjirde taal by. Dat is dochs in moai kado?

Skriuwer: Dieuwke van der Meer
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Frysk yn ‘e klasse – CBS It Haskerfjild

‘Kom by ús op skoalle’, falt op in grut boerd te lêzen by CBS It Haskerfjild. In moai boadskip om bern harren wolkom fiele te litten op dizze basisskoalle op De Jouwer. Net gek, want hast al it personiel praat Frysk. Ien learkrêft springt der op it gebiet fan de Fryske taal dochs wol út: juf Sissy fan groep 1 en 2.

Frysk yn ’e klasse: CBS De Bonkelder (Wytmarsum)

Op basisskoalle De Bonkelder yn Wytmarsum stiet in juf foar de klasse dy’t mear docht as lesjaan allinnich: juf Sieuwke Rijpma libbet it Frysk. En dat fiele de bern fan groep 7 en 8 oan alles. ‘It is mear as in fak, it is in gefoel’, seit se.

Frysk yn ’e klasse: CBS De Sprankeling

Joukje Hamersma is juf fan groep 1 en 2 op CBS De Sprankeling yn Damwâld. Joukje: ‘Ik fyn Frysk geweldich! Wy ha dan ek alle freeds “Fryske freed”, dan jouwe wy de hiele dei yn it Frysk les.

Frysk yn ’e klasse It Tredde Sté

‘In u mei in dakje sprekke we út as in “oe”’, seit juf Anna Veenje fan OBS It Tredde Sté yn Jirnsum. In learling út groep 5 lêst lûdop in tekst foar oer in tiny house. By it wurd ‘skjinmeitsjen’ stroffelt se efkes. Mar har klasgenoatsje wit presys wat der stiet en helpt har.

Wat in rommel!

In eksterpear bout in nêst foar harren prachtige aaikes. Al gau miene se dat in gewoan nêst net goed genôch is en se komme mei fan alles en noch wat oansetten, it spul wurdt hoe langer hoe grutter, sels in auto wurdt nei it nêst tôge, oant…

In hearlik printeboek oer wat tefolle rommel docht…

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine