Zoek op inhoud

Frysk yn ’e klasse It Tredde Sté

‘In u mei in dakje sprekke we út as in “oe”’, seit juf Anna Veenje fan OBS It Tredde Sté yn Jirnsum. In learling út groep 5 lêst lûdop in tekst foar oer in tiny house. By it wurd ‘skjinmeitsjen’ stroffelt se efkes. Mar har klasgenoatsje wit presys wat der stiet en helpt har.

Ien kear yn de wike jout juf Anna Frysk yn groep 4/5, soms wat faker. Dan ferdielt se it oer de wike. ‘Ik nim der echt de tiid foar, want ik fyn it belangryk dat se it goed lêze kinne. Ik lit se ek wolris foarlêze by de kleuters. Want hoe faker ast it dochst, hoe better as it giet.’ Se brûkt ferskillende learmiddels: Spoar 8 op it digiboerd, boekjes fan Keimpe de Krokodil en it magazine Tsjil. ‘En soms pak ik ek noch wol de âlde metoade derby. Ik doch in soad mei teksten, en sykje dan tema’s dy’t oanslute by de belibbingswrâld fan de bern.’ Meunstertún op de iPad is by de measte bern favoryt. ‘Mar ik doch toch ek noch in soad lekker âlderwetsk klassikaal.’

Fiif fan de fyftjin bern yn groep 4/5 binne thús Frysktalich. Acht prate Nederlânsk en twa bern komme út Afganistan. ‘Ien fan de bern praat sa moai Wâldfrysk’, seit juf Anna. ‘Ik fyn it moai dat se dy ferskillen hearre. En dat se ek in gruttere Fryske wurdskat krije. Lêsten hearde ien fan de bern it wurd “buorlju” en doe sei er: dat seit myn beppe ek altyd.’

‘Ik fyn it Frysk gewoan moai. Myn doel dit jier is dat se alle Fryske lûden leare. Ik ha der platen fan hingjen yn it lokaal. De ê fan bêd bygelyks, dy neame we dan de seur-ê. Dêr wol ik echt tiid yn ynvestearje, want dan leare se it goed te lêzen en letter ek te skriuwen. As ik berikke kin dat oer tweintich jier ien fan dizze bern thús it Frysk ek meijout oan syn of har bern, dan is dat al moai. It soe skande wêze as de taal net mear brûkt wurdt. Mar it wichtichst is dat se it oanrikt krije.’ 

Wolsto ek mei dyn klasse meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl

Skriuwer: Arjanne Nijp
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Frysk yn ’e klasse: CBS De Sprankeling

Joukje Hamersma is juf fan groep 1 en 2 op CBS De Sprankeling yn Damwâld. Joukje: ‘Ik fyn Frysk geweldich! Wy ha dan ek alle freeds “Fryske freed”, dan jouwe wy de hiele dei yn it Frysk les.

Frysk yn ’e klasse It Tredde Sté

‘In u mei in dakje sprekke we út as in “oe”’, seit juf Anna Veenje fan OBS It Tredde Sté yn Jirnsum. In learling út groep 5 lêst lûdop in tekst foar oer in tiny house. By it wurd ‘skjinmeitsjen’ stroffelt se efkes. Mar har klasgenoatsje wit presys wat der stiet en helpt har.

Frysk yn ‘e klasse (Feanwâlden)

Rinskje Braaksma is juf fan groep 5 opde OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. De skoalle is krekt wer sertifisearre as trijetalige skoalle. Juf Rinskje stiet op trije dagen foar de klasse, mar is op de oare dagen ek oan it wurk. ‘Dan wurkje ik “boppeskoalsk” om it meartalich ûnderwiis binnen Roobol noch better op de kaart te setten.’ 

frysk yne klasse

Frysk yn ’e klasse (De Harkema)

Meester Patrick jout al fjouwer jier mei in protte wille les op ’t Holdersnêst oan groep 6 yn De Harkema. ‘Fan hûs út bin ik meartalich grutbrocht, mei in Nederlânske mem en in Fryske heit. De taal fan myn hert wie it Nederlânsk, oant ik op ’e basisskoalle kaam en mei myn klassegenoaten hast allinnich mar Frysk prate. 

Prinses Pompebledsje

De kening en keninginne krije fan Fee Foekje in kado omdat se har holpen ha.
In prachtige pearel dêr’t in ferrassing yn sit.  Mar de pearel wurdt stellen…
Wat soe deryn sitten ha? En wêr is de pearel bedarre?

4-7 jier

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer lytse ûndernimmers, oer heech gefoelige bern, poëzy, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine