Wa binne eins de skriuwers fan it blêd heit&mem? Om jim in gesicht te jaan oan al dy moaie teksten yn it blêd heit&mem en hjir op de website, hjirby in oersjoch.
Dieuwke van der Meer – Posthumus
haadredakteur fan heit&mem
Mem fan: Maaike (2012) en Jilles (2018)
Hâldt fan: sûkelarje, gedichten, teksten skriuwe, foarmjouwing, katten en de Fryske taal
It artikel dat my altyd by bleaun is: It artikel oer Moniek dat ûnder de útfaart fan har heit oan it befallen wie.
Te folgjen fia: DieuwkeDicht op Instagram
Hieke Rienstra
redakteur heit&mem
Mem fan: Yfke (7) en Eise (5)
Hâldt fan: (foar)lêze, lekker iten, âlde huzen, in wykein fuort, kreatyf wêze, gesellichheid, mar ek rêst en stilte
It artikel dat my altyd by bleaun is: de ferhalen fan de âlden fan mearlingen. Nijsgjirrich hoe’t it deroan ta giet yn ’e hûs mei safolle bern!
Marieke Vinckers
skriuwer
Bonusmem fan: Jurre (2010) en Silke (2012), dy’t yn 2017 in myn libben kamen.
Hâldt fan: de see, swimme, rinne, skriuwe, sjonge, meditearje, yin yoga jaan, frouwensirkels jaan, mei Martin Yin&Music diele. En fan ierpels.
It artikel dat my altyd by bleaun is: It artikel oer Hilde’s hart, it famke dat nei de befalling ferstoar.
Te folgjen fia: www.mikamarieke.nl
Nynke van der Zee
skriuwer
Hâldt fan: muzyk meitsje, klusse yn en om hûs, in lekker spesjaal bierke drinke, sterke ferhalen fertelle en oant jûns let yn de tún
sitte.
It artikel dat my altyd by bleaun is: it stik oer cyberpesten en de ynfloed dy’t dat hat op it libben fan bern.
Te folgjen fia: www.nynketxt.nl
Tine van Knijff-van Hijum
skriuwer (oant simmer 2024)
Mem fan: Tesse (2009) en Semme (2012)
Hâldt fan: lêze, skriuwe, hûntsjes, de hjerst en fansels ôfgryslik folle fan myn trije mannen.
It artikel dat my altyd by bleaun is: It ferhaal oer Ype Roan út Hurdegaryp, in jonkje mei in auto-immuunsykte dy’t dochs altyd fleurich is!
Te folgjen fia: www.noordvrouw.nl
Janna van der Meer
skriuwer
Mem fan: Rosa (24jier)
Hâldt fan: lêzen, skriuwen, bisten, dûnsje en fotografearje.
Te folgjen fia: jannavandermeer.nl
Skreaun foar heit&mem: Nynke waard mem op har santjinde, Lisa hat it gen foar boarstkanker, Hoe verdelen we de zorgtaken? en noch folle mear!
Thea van der Schaaf
skriuwer
Mem fan: Arjen (2010) en Douwe (2013)
Hâldt fan: de betide moarn, in flinke deadline, en in goed ein kuierjen en op syn tiid hiel lui wêze
In artikel dat my altyd bybleaun is: it alderearste artikel dat ik skreaun foar heit&mem, myn eigen ferhaal oer boarsfieding op de operaasjetafel. It wie 2010, ik wie krekt mem, en ik stie fuort letterlijk en figuerlijk bleat yn it blêd
Te folgjen fia: thea.frl
Ciska Noordmans
redakteur fan heit&mem
Mem fan twa moaie folwoeksen bern
Hâldt fan: skriuwen, skilderjen, nije dingen betinke en bûten wêze
It artikel dat my by bleaun is: meast de lêste. Hoe lang of koart it petear ek is, it is altyd yntensyf en full focus. luisteren met je hart iepene foar my in wrâld dy’t ik noch net koe.
Klasina van der Werf
Skriuwer (oant 2024)
Mem fan: Lena (2011) en Anouk (2013)
Hâldt fan: skriuwe, reizgje, kofje, searjes sjen en leuke útstapkes meitsje mei Johan en de bern.
It artikel dat my altyd by bleaun is: It artikel oer Hoe kun je stress bij kinderen verminderen?
Dit artikel like – doe’t ik it skreau – in fier-fan-myn-bêd-show, mar dit jier krigen we der sels mei te meitsjen. Dat makket dit ferhaal no ekstra spesjaal foar my.