Zoek op inhoud

Wat dochsto yn it bôletrompke fan dyn bern? 


Wat kinst no it bêste yn it bôletrompke fan skoalbern dwaan? En hoe giest om mei bern dy’t altyd mar roppich binne? Wat joust as se út skoalle komme? Moatte se ek ekstra fitaminen ynnimme? Bernediëtist Marijke Tuinhof (31) fan Dieetstyle yn Dokkum fertelt wat skoalbern nedich ha.

Marijke wit út ûnderfining hoe lestich oft it soms is om bern oan it iten te krijen. Sels hat se twa bern fan krekt 5 en 3 jier. In famke en in jonkje. ‘Mei de âldste giet it iten goed, mar de jongste is in sinnige iter.’ 

In goed advys foar sûne bern op de basisskoalle (dus net bern mei medyske klachten) is folkoaren  bôle, crackers, roggebrea, wraps of in broadsje. ‘Yn elts gefal is it wichtich om foar folkoaren te kiezen, want hoe mear fezels, hoe mear fieding. Ik fergelykje it foar bern altyd mei in ynpakt kadootsje. Folkoaren is in feestje foar it lichem. Bern ha it ek nedich, want se kinne der goed fan poepe. Foar bern mei in prikkelbere term ried ik speltbôle oan, mar dan wol 100% folkoaren. Goed de etiketten lêze, dêr stiet it wol op.’

Pimp dyn bôle
Mar wat smarst dan op ’e bôle? Ek dêryn is Marijke dúdlik. ‘Bûter, nútsjesmoar, meagere tsiis, kipfilet of griente en fruit. Kinst dyn bôle bygelyks “pimpe” mei komkommer, in bledsje sla, avokado, ierdbei of banaan,’ fertelt Marijke. Neffens de “skiif fan fiif” binne jam, appelstroop en sandwichspread net tastien, mar dêr docht Marijke net moeilik oer. ‘It moat ek praktysk wêze.’ 

Yn hagelslach sitte hielendal gjin fiedingsstoffen, dus dat is net oan te rieden op bôle, mar ek d^eryn kinst neffens Marijke in tuskenwei sykje. ‘Bygelyks allinnich hagelslach yn it wykein. Hoechst dyn bern ek net alles te ûntsizzen.’ Ek suvel is hiel belangryk, dat wurdt neffens de diëtist noch wolris fergetten. It is goed dat bern healfolle molke, sûpe of soaja by it middeisiten krije. ‘Yn elts gefal gjin yoki. Drinkyoghurt soe noch kinne, mar net tefolle, want dêr sitte swietstoffen yn.’ 

‘Ik ha sa’n honger’
‘Ik ha sa’n honger,’ sizze guon bern as se út skoalle komme. Wat dochst dan? ‘Njoggen fan de tsien kear drinke bern dan te min. Toarst en honger lizze ticht byinoar. Op it momint dat bern toarst hawwe is it eins al te let.’ Wat neffens de bernediëtist ek meispilet is hoe fluch oft der iten wurdt. Hoe flugger asto ytst, hoe minder gau ast sêd bist. ‘Dêrom bin ik ek net sa bliid mei it kontinueroaster,’ seit Marijke. ‘As mem wol hear,’ laket se, ‘mar fan myn wurk wit ik hoe belangryk it is om stadich te iten en dat giet op skoalle ten koste fan de boarterstiid. Eins moatst wol tsien oant fyftjin kear kôgje foardatst in hap trochslokst. It ytregelsintrum yn ’e harsens hat tweintich minuten nedich om in goed sinjaal ôf te jaan nei de búk,’ leit Marijke út. 

Wetter is better
Oer watst de bern joust as se út skoalle komme is de bernediëtist dúdlik: fruit, griente of in hantsje nuten en drinken. ‘It leafst wetter, mar tee of fruchtensiroop mei ek. En griente en fruit kin fan alles wêze. Fariaasje is it kaaiwurd, sa folle mooglik ferskillende kleuren. Fan snoeptomaatsjes en komkommer oant in banaan of in apel. Mandaryntsjes binne ek sûn, mar wol lyts, dêr kinne bern wol twa fan hawwe. Wat ek hiel lekker is: dadel mei nútsjesmoar, dat priuwt nei Snickers. En dan it leafst “100 % pindakaas”. Paprika en hummus fine ús bern hearlik. Sels let ik ek op wat yn ’e oanbieding is, dat is dan faak it fruit fan it seizoen.’ 

‘Sûne koekjes bestean net’
In koekje by de tee is neffens Marijke net mear fan dizze tiid. Sûne koekjes bestean net. Der sitte te folle sûkers en te min fiedingsstoffen yn. ‘En dy fiedingsstoffen binne no krekt sa belangryk. Dêrom is it ek goed om trije of fjouwer opskepleppels griente deis te iten. Meastentiids bliuwt it mar by ien of twa. As bern gewoan normaal ite, dan hawwe se ek gjin ekstra fitaminepillen nedich. Utsein dan bern oant 4 jier (fitamine D) en bern mei in donkere hûdskleur.’

Yn teory heart it allegear hiel logysk, mar hoe krijst dit yn ’e praktyk foarinoar? Hoe soargest derfoar dat dyn bern it krekte oantal fiedingsstoffen binnen kriget? Marijke: ‘Gewoan dwaan, mar net tefolle yn ien kear feroarje. Hâld it foaral gesellich oan tafel. En sa no en dan in snoepke, koek of sjips moat kinne. It bliuwe bern.’  

Skriuwer: Klasina van der Werf
Foto’s: Kinderdieetcreatie

Hup, nei bûten!

Der wurdt tsjintwurdich lang safolle net mear bûten boarte as eartiids. It sosjale libben fan bern (mar miskien ek wol dat fan de heiten en memmen?) hat him ferpleatst nei binnen. Skermen lizze kontinu foar it gripen. Tiid om dêr feroaring yn te bringen, fynt Reina Reekers-de Boer fan Groeiromte yn Wâldsein.

synestesie

Synestesy: Femke en Sinne sjogge alles yn kleuren

Tsien is giel, woansdei is bordeauxread en augustus is fletsgrien. Al salang’t Femke de Walle har heuge kin, hawwe sifers, dagen en moannen in kleur. Mar ek noaten, akkoarden, seizoenen, letters en sels wurden ferskine foar har yn útienrinnende tinten. 

van bar tot baarkruk

Van Bar tot Baarkruk

‘Van Bar- tot Baarkruk. De enige zwangerschapscursus zonder poespas. Nuchter, eerlijk, praktisch én met humor. Vanuit de kroeg in Wytgaard. Gewoon mannen onder elkaar.’ In swangerskipskursus spesjaal foar (oansteande) heiten. Nijsgjirrich!

nierfalen

“Papa, doet dialyse pijn?”

Het leven van Bastiaan (44) veranderde voorgoed toen bleek dat hij nierfalen had. Jaren later kwam er nóg een harde klap: zijn zoon Julian (13) blijkt dezelfde nierziekte te hebben. Hoe ga je als vader om met je eigen ziekte terwijl je tegelijkertijd weet dat je kind mogelijk hetzelfde pad moet bewandelen?

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer iten foar skoalbern, gearstalde húshâldings, menstruaasje op de basisskoalle, relaasjetips, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine