Zoek op inhoud

Twatalichheid yn kaart?


Dat is geen ‘weg’, dat is in ‘dyk’.


Boas sjocht Jelle syn papa oan. Hy is al de hiele middei dwaande mei in grutte dyk. Der is nimmen dy’t him no noch wiismakket dat dat in ‘weg’ is. Geduldich besiket hy it papa, dy’t krekt thúskaam is, út te lizzen hoe’t it sit. 

De taalspraakûntjouwing fan bern dy’t twatalich binne is hiel nijsgjirrich. Fan beide talen ûntwikkelje se in taalnetwurk. Fan beide talen leare se wurden, de sinsbou, hoe’tst it útsprekst en wannear’tst wat brûkst. Yngewikkeld? Hielendal net. De measte bern kinne dit sûnder swierrichheden. De earste pear jier fan harren libben binne bern krekt hiel tagonklik om talen te learen en twatalich opgroeie smyt in protte foardielen op.

Oant no ta kinne logopedisten twatalige bern net goed ûndersykje as de logopedist de twadde taal net machtich is. Hoe is de taalûntjouwing yn de thústaal? Sprekt it bern yn de thústaal ek in protte klanken net (goed) út? Hat dit bern in efterstân of ûntwikkelet it him normaal as in twatalich bern? Binne de problemen yn beide talen gelyk?

It binne fragen dy’t logopedisten faak net beäntwurdzje kinne. As de logopedist de twadde taal fan it bern net machtich is dan wurdt it in hielendal in toer. Meastentiids wurde bern dan trochstjoerd nei it Audiologysk Sintrum dêr’t se de taalspraakûntjouwing yn beide talen ûndersykje mei in tolk.

Mar de measte logopedisten yn in praktyk beskikke net oer in tolk. Derom is sûnt koart de Speakaboo app yn ûntwikkeling dy’t al by sa’n tweintich talen brûkt wurde kin, dêrûnder it Frysk.

Speakaboo app
De Speakaboo-app is in app dêr ’t logopedisten de klankûntjouwing by meartalige bern mei yn kaart bringe kinne. Geskikt foar bern fan ûngefear 3 oant 6 jier dy’t benammen de thústaal sprekke of yn elts gefal de thústaal likefolle brûke as it Hollânsk. De logopedist kriget sa in yndruk fan de klankûntjouwing en in frij goede yndruk fan de spraakûntjouwing.

Bij de screening wurdt it bern frege in plaatsje te beneamen/nei te sizzen. De app nimt op wat it bern seit. Nei de tiid kin de logopedist alles beharkje en skoare. De app hat in tolkfunksje. De útspraak fan de digitale tolk kin dan fergelike wurde mei de útspraak fan it bern. Ek âlden kinne mei de logopedist de opname beharkje. De logopedist kin harren sa makliker útlis jaan. De Speakaboo-app is ûntwikkele troch Koninklijke Kentalis. De Fryske ferzje is ûntwikkele troch de Fryske Akademy en stipe troch Stichting De Friesland. De app wurket op tablet of iPad en is fia de Google Play Store of de App Store fan Apple del te heljen.

Hasto sels fragen oer de taal- en/of klankûntjouwing fan jim (twatalige) bern? Nim dan kontakt op mei in logopedist, dy kin jim grif fierder helpe.

Skriuwer: Berber Spliethoff

Ik bin Lik

‘Hoi’, sis ik tsjin him. ‘Ik bin Berber. Wa bisto?’

‘Ik bin Lik’

Niet leuk

Tommy wil eigenlijk niet verder komen als ik hem roep. Hij hangt over de stoel in de wachtkamer en moeder moet hem aansporen. Ik snap het wel. Jaren geleden kwam hij elke week voor bloedonderzoek en een infuus met medicijnen. Dat was niet leuk. Hij had leukemie.

Zomervakantie, leuk! Toch?

85% van de Nederlanders gaat op zomervakantie en 75% van hen gaat naar het buitenland. Nederland heeft veel te bieden, maar we blijken een reislustig volkje. Zo ook wij! Dit keer was Kroatië de eindbestemming.

Dichtbij

Als draagconsulent adviseer ik ouders over het veilig en ergonomisch dragen van hun kindjes, maar een ander onderdeel van mijn werk is het doorbreken van hardnekkige mythes in onze maatschappij als het gaat over de ontwikkeling van kleine kinderen. Eén daarvan heeft betrekking op het slapen: ‘Als je een baby te veel nabij houdt en laat slapen in een draagdoek of draagzak, verwen je een baby en leert je baby niet alleen te slapen.’ Ik verkeer niet in de illusie dat ik je in deze korte column tot in de diepte kan uitleggen waarom ik deze mythe de wereld uit wens, maar ik plant graag een zaadje en nodig je uit tot verdere verdieping.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer iten foar skoalbern, gearstalde húshâldings, menstruaasje op de basisskoalle, relaasjetips, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine