Zoek op inhoud

Help, in traktaasje!

Ast as skoalle of as âlder wurkje wolst oan de sûnens fan de bern, wat dochst dan mei al dy traktaasjes dy’t jierliks foarbykomme op skoalle? Chips, muffins, soeskes, koeken, sûkelarje en sa no en dan in stikje komkommer of woarst. Fan alles komt foarby. It falt as âlder ek net altyd ta om wat sûns én lekkers te betinken. En dêrneist moat it der hjoed-de-dei ek altyd mar moai útsjen. Hoe giet dat eins by jim op skoalle? Wy fregen it oan jim fia ús socials.

Rinske: ‘Ik bin wol fan de sûne traktaasjes en der mei heus wolris in snoepke by. De tradisjonele fruitspies, sûne muffins of woartelkeek, in feestlike smoothie, bananepankoekjes fersierd mei fruit sadat it bearkes/foksen lykje, in fleurich bekerke mei fruit, nútsjes en noch in snoepke, ensfh. Ik kin altyd noch wat leuks betinke dat de bern ek leuk/lekker fine fan groep 1 oant en mei 8.’

Karin: ‘Op ús dochter har skoalle mei noch altyd traktearre wurde. Mar se ha ek de opsje dat de bern net hoege te traktearjen, mar in aktiviteit útsykje meie. Dat is fijn foar de minsken dy’t der gjin jild foar ha en guon bern fine in aktiviteit sels leuker as in traktaasje.’

Silvia: ‘Wat lekkers moat kinne, mar wol mei mate. En wy moatte ús foaral net liede litte troch oare âlders. It liket bytiden wol in konkurrinsje ûnderelkoar. Wy dogge lekker ús eigen ding, ús kreative dochter hat altyd moaie ideeën.’ Tetien: ‘Op myn wurk, ik wurkje as pjuttejuf, mei it net mear. Wy meitsje no sels mei de bern in sûne traktaasje, lykas fruitspiesjes, sopstingels mei suvelspread of sokssawat.’ Frederika: ‘Het is toch een heel feest om te mogen trakteren op school bij je vriendjes en vriendinnetjes. En hoe iedereen het doet, mooi iedereen in zijn/haar waarde laten.’

Amanda: ‘As mem en learkrêft sjoch ik hoe’t guon bern hiele knutsels en kado’s traktearje. It sjocht der prachtich út, mar is faak nei ien kear boartsjen stikken of der wurdt net wer nei omsjoen en it bedarret úteinlik yn it jiskefet. Op ús wurk ha wy in traktaasjebelied. De bern meie op ien ytbere traktaasje traktearje. Sa makkest it foar de âlders dy’t net sa’n rom budzjet ha ek behapber.’ Rianna: ‘By ús op skoalle wurdt net traktearre. De bern wurde op har jierdei yn it sintsje setten. Der wurdt songen en hja meie in aardige aktiviteit útsykje. It bern dat syn jierdei hat stiet dy dei sintraal. Sels fûn ik it wol aardich om traktaasjes te meitsjen, mar somtiden kamen de bern ek wol thús mei kadopûdsjes hielendal fol stâld. Dat hoecht fansels net. Kinst net by elkenien yn de beurs sjen. Dus dit is in moai alternatyf. Faak fearje bern wol mei fansels.’

Skriuwer: Dieuwke van der Meer

De mond als spiegel bij de biologische tandarts

‘We nemen de tijd voor de mensen. We kijken niet alleen naar de tanden en kiezen in de mond, maar zien het lichaam als één geheel.’ Aan het woord is Jessica Swartberg, ze is een van de drie tandartsen bij de Biologische Tandarts Friesland in Leeuwarden. Aan de praktijk zijn eveneens een mondhygiëniste en tandartsassistenten verbonden. Jessica werkt samen met echtgenote en assistente Desiree van der Pal.

20 simpele verschillende soorten gezond ontbijt voor kinderen

Eet jij en/of je kinderen ’s morgens geen ontbijt? Of kom je niet verder dan een boterham met hagelslag? Iedereen weet zo langzamerhand wel dat een ontbijt je motor doet branden. Het geeft je energie. Het start je stofwisseling, je hersenen gaan beter werken en je bloedsuikerspiegel blijft gedurende de hele dag stabieler. En niet te vergeten, ontbijten is met onderstaande tips leuk, lekker, gezond en simpel!

Gezellig poepen

Praat jij over jouw poepsels op verjaardagsfeestjes of bespreek je de vorm en kleur met je kinderen? Hoogstwaarschijnlijk niet, er rust een taboe op poepen en ook kinderen voelen dat dit een no-go onderwerp is. Maar is het dan nodig om over poep te praten? Ja! − volgens kinderoefentherapeute Katinka Zomerschoe.

Snobje – snoepen

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #1

Yn dit nûmer:
🗣️ Ynterviews mei bern út Reahûs – oprjocht, grappich en ferrassend
🎉 Oer traktearjen – is traktearjen noch fan dizze tiid? Elke skoalle in oar belied?
⏰ Kloklêze – hoe kin it dat in protte bern gjin analoge klok mear lêze kinne?
🌈 In bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje út de Rottefalle – gjin mem, gjin heit, mar in mapa
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
📖 In prachtich foarlêsferhaal fan Sjoukje de Boer
🎨 Nifelje mei tissuedoazen – kreative knutselwurkjes fan Cheryl

En der is noch folle mear te ûntdekken!

Bekijk magazine