Zoek op inhoud

Fotokollaazje: bern & bakke

Bern en bakke – in gouden kombinaasje! Wy sykje foto’s fan bern mei moal oan ‘e fingers, in grutte laits op it gesicht en fansels wat lekkers yn ‘e oven. Hast sa’n momint fêstlein?

Upload hjir dyn favorite bakfoto en wa wit sjochst dyn bern werom yn de online edysje fan it tydskrift 'heit & mem'!

bern en fiskjen

Fotokollaazje: bern & fiskjen

Hasto in lytse fisker thús dy't mei grutskens syn earste fangst sjen lit. Of in bern dat fol konsintraasje mei it angeltsje oan'e wetterkant sit te kueren? Wy binne op syk nei de moaiste, grappichste en leafste foto’s fan basisskoallebern dy’t oan it fiskjen binne – of fansels krekt dy iene fisk fongen hawwe!

Upload hjir dyn favorite fiskersfoto en wa wit sjochst dyn bern werom yn it tydskrift 'heit & mem'!

Fotokollaazje: heit & dochter

Foar de folgjende heit&mem binne wy op syk nei moaie foto's fan heit & dochter. Ha jim sa'n foto? Upload de foto dan fia it formulier hjirûnder. De moaiste foto's krije in plakje yn it blêd heit&mem.

Hyltje: Sa lêze wy

Hyltje Bosma: “Al sûnt Abe krekt 1 jier wie, lêze wy alle jûnen foar it sliepen gean in ferhaaltsje. Sûnt koarten kin dat lekker op it “grutte bêd” yn syn nije junglekeamer. In momintsje fan rêst en lekker krûpe mei heit of mem. Abe mei sels it ferhaaltsje kieze. Op it stuit binne it boekje fan Tomke en de bijen en it ferhaaltsje fan Dropke en Mintsje út It Grutte Foarlêsboek favoryt.

Helpt dyn bern mei yn de húshâlding?

In skoftke lyn ha wy by de redaksje fan heit&mem fol ferwûndering it boek ‘Jagen, verzamelen, opvoeden’ lêzen. De skriuwster Michaeleen Doucleff beskriuwt ferskate opfiedingswizen fan stammen oer de hiele wrâld. Michaeleen is derfan oertsjûge dat wannear’tst in bern as in folweardich lid fan de húshâlding beskôgest en him/har dus meihelpe litst by (hast) alles watst dochst, dat foar alle partijen op ’e langere termyn better wêze sil.

Schatje op school, thuis een vurig draakje

Het ene moment is er geen vuiltje aan de lucht. Je kind speelt heerlijk buiten en geniet van zijn ijsje. Opeens slaat de stemming radicaal om en krijgt hij een gigantische woede-uitbarsting. Het feest is compleet als je als gefrustreerde ouder ook nog eens je geduld verliest.

SJIT NO RIS OP! -> 5 tips foar in relaxed moarnsritueel

‘Sjit no ris op, sa komst noch te let’. ‘Oars giest mar yn de pyama nei skoalle!’ Wylsto de jas oan hast, klear om de bern nei skoalle te bringen sit dyn bern noch mei ien sok oan nei de telefyzje te stoarjen. Werkenber? Hoe komst yn ’e goedichheid in bytsje zen it moarnsskoft troch en krigest de bern op tiid op skoalle en dysels op tiid op it wurk?

Frysk yn ’e klasse It Tredde Sté

‘In u mei in dakje sprekke we út as in “oe”’, seit juf Anna Veenje fan OBS It Tredde Sté yn Jirnsum. In learling út groep 5 lêst lûdop in tekst foar oer in tiny house. By it wurd ‘skjinmeitsjen’ stroffelt se efkes. Mar har klasgenoatsje wit presys wat der stiet en helpt har.

Heit & mem sille trouwe!

It komt hieltyd faker foar dat stellen dy’t trouwe sille al bern hawwe. En dat is foar de bern fansels hartstikke leuk, sa kinne se alles bewust meikrije. Ek foar styfbern is it hiel spesjaal, want in houlik ferbynt dan net allinnich twa partners, ek de bern wurde troch it houlik mei de nije partner ferbûn. Mar hoe kinst dyn bern dêr no goed by belûke? Heit&mem jout tips!

Maaike Dillema: "It boek is skitterjend yn syn ienfâld."

Resinsje ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’

Lemke: 'Wy jouwe dit boek in grouwe acht!'

Tegearre mei Fimme (5 jier) liezen wy it Grutte Pake en Beppe foarlêsboek mei alderlei ferhaaltsjes en moaie ôfbyldingen.

Boekresinsje fan Wietske: Ik wol in bosk op ’e jierdei

Voor mij ligt een vrolijk gekleurd boek met een titel waar onze kinderen gelijk nieuwsgierig van worden. “Een bos op je verjaardag? Hoe kan dat nou? Mem, dat kan toch niet echt?” zegt de jongste. De middelste heeft er wel een idee bij: “Misschien kun je wel een boom planten, mem.” Mooi om alleen naar aanleiding van de voorkant al met elkaar in gesprek te zijn.