
Hyltje: Sa lêze wy
Hyltje Bosma: “Al sûnt Abe krekt 1 jier wie, lêze wy alle jûnen foar it sliepen gean in ferhaaltsje. Sûnt koarten kin dat lekker op it “grutte bêd” yn syn nije junglekeamer. In momintsje fan rêst en lekker krûpe mei heit of mem. Abe mei sels it ferhaaltsje kieze. Op it stuit binne it boekje fan Tomke en de bijen en it ferhaaltsje fan Dropke en Mintsje út It Grutte Foarlêsboek favoryt.
Abe fynt gekke stimkes hiel leuk en ferhaaltsjes yn dichtfoarm dogge it ek goed. It aldergrappichst is fansels as er syn eigen ferzje fan ’t ferhaal meitsje mei. Sa spilet hy sels graach de haadrol yn de ferhalen. Wy fernimme dat Abe in soad ûnthâldt út de ferhaaltsjes. As hy bygelyks in bij by de blomkes yn de tún sjocht is de link nei Imker Jan fan Tomke gau lein.
Us foarlêstip: wat gekker, wat better. Meitsje der eltse jûn in feestje fan. Gekke stimkes, sjonge, neam mar op. Sa bliuwt it foar heit en mem ek leuk. Wy wikselje ôf mei Fryske en Nederlânske boeken.
Hyltje Bosma
Foto: Hippe Kiek Fotografie