Zoek op inhoud

Lemke: ‘Wy jouwe dit boek in grauwe acht!’

Tegearre mei Fimme (5 jier) liezen wy it Grutte Pake en Beppe foarlêsboek mei alderlei ferhaaltsjes en moaie ôfbyldingen.


It is in moai boek om mei dyn bern te lêzen, want it boek befettet in soad ferskillende grappige koarte ferhaaltsjes, dy’t dy nijsgjirrich meitsje nei it folgjende ferhaal. Mar ek in oanrieder om mei de bernsbern te lêzen, troch de typyske ferhalen oer pakes en beppes.

Fimme wie as baby al gek op foarlêzen. Alle jûnen lêze wy mei de bern foardat se har deljouwe. Wêr’t guon bern nei ien boekje genôch lêzen hawwe, wol Fimme allinne mar mear. As baby wie er al gek op foarlêzen. Mem lêst altyd yn it Frysk, sels as it boek yn it Nederlânsk skreaun is, dan fertaalt se elk wurd. Dit foarlêsboek foel by Fimme yn ‘e smaak.

Lekker in soad fariaasje, grappige ferhaaltsjes, aardige plaatsjes en de bern yn it boek belibje fan alles. It ferhaaltsje oer de sniemannen fynt Fimme hiel grappich en dat ha we al faak lêzen. Ek hawwe broer en sus wille mei it ferhaal oer de koprol. Fimme lit Resa it ferhaal oer de koprol sjen en dy sille se dêrnei tegearre neidwaan.

Omdat dit it grutte foarlêsboek foar pakes en beppes is, hawwe de beide beppes fan Fimme en Resa it boek lêzen. Beppe Ida hat it hiele boek mei Fimme lêzen. Alle ferhalen fynt Fimme moai en beppe Ida ek. De tekeningen passe der hiel goed by, Fimme snapt it goed en hy kin oeral om laitsje. Der sit in soad humor yn de ferhaaltsjes, in oanrieder dus. Beppe Janny fynt it genietsjen om mei de bernsbern op ’e bank út dit boek foar te lêzen. By it beppeliet, mei allegear ferskillende beppes, siket Fimme in beppe út dy’t krekt op beppe Janny liket.


Wy jouwe dit boek in grouwe 8!

Lemke Statema út Deinum wurket as selsstannige oan griene en duorsume projekten en is mem fan Fimme en Resa

It grutte pake & beppe foarlêsboek

In prachtich foarlêsboek foar beppes, pakes en alle oare minsken dy’t graach foarlêze! Mei mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt foar bern fan 2 oant en mei 6 jier.

It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek

Lústerje hjir nei de ferhalen út ‘It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek’. Dit prachtige nije foarlêsboek fan Mirjam van Houten bestiet út mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt foar bern fan 2 oant en mei 6 jier. De ferhaaltsjes binne ynsprutsen troch Hilly Harms, Leny Dykstra, Jan Arendz en Joop Wittermans.

Wurdsto pake of beppe?

Lokwinske! Wat in bysûndere tiid stiet jim te wachtsjen. Net allinne foar dyn soan of dochter, mar ek foar dy feroaret der in soad. In nije generaasje, in nije rol… en miskien wol in fêste oppasdei? As pake of beppe silsto in unike rol spylje yn it libben fan dat nije minskje.

Afûk-boekpanel

Wy binne op syk nei boek(foar)lêzers foar de Afûk-boekpanel. Wat foar dy? Liket it dy leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en der wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan!

ik wol in bosk ope jierdei

Boekresinsje: Ik wol in bosk op ’e jierdei

Foar ús leit it prachtige printeboek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’. It boek is ynspirearre op it kuierjende Bosk, in projekt fan Arcadia dat yn de simmer fan 2022 yn de binnenstêd fan Ljouwert plakfûn hat. Ik lês it boek foar oan Else (4) en Marij (7).