In skoftke lyn ha wy by de redaksje fan heit&mem fol ferwûndering it boek ‘Jagen, verzamelen, opvoeden’ lêzen. De skriuwster Michaeleen Doucleff beskriuwt ferskate opfiedingswizen fan stammen oer de hiele wrâld. Michaeleen is derfan oertsjûge dat wannear’tst in bern as in folweardich lid fan de húshâlding beskôgest en him/har dus meihelpe litst by (hast) alles watst dochst, dat foar alle partijen op ’e langere termyn better wêze sil.
Dat hâldt dus net yn datst dyn bern foar in skermke setst ast itensiede silst, mar datst dyn bern meihelpe litst op it nivo dat hy/sy oankin. Bern derby belûke, oanmoedigje en minimaal yngripe.
Wy fregen oan heiten, memmen en opfieders fia ús socials oft en yn hoefier’t harren bern meihelpe yn de húshâlding.
Conchita: “Ja hoor, vanaf dat ze kunnen staan, helpen ze al met koken, in de ‘learning tower’ bij het aanrecht. Dingen als groenten wassen konden ze al snel. Nu zijn de jongens 5 en 6 en doen ze maar wat graag klusjes. De vaatwasser helpen uitruimen, handdoeken en keukendoeken helpen vouwen, was in de wasmachine doen, hun eigen bordje naar de keuken brengen en helpen tafeldekken en afruimen. Maar ook groenten snijden voor het eten, de dieren verzorgen, in de moestuin ‘werken’. Ze helpen juist graag mee! Win-win, vind ik: zij krijgen aandacht en worden vermaakt en ik heb een beetje hulp. Het duurt soms wel wat langer, maar dat is niet erg.”
Amarins: “As fansels helpe se mei, 4 en 8 jier âld. De jongste, in famke, docht dat mei wat mear entûsjasme as har broer. Juster soe ik de sliepkeamers boppe dwaan, mar sy soe har eigen wol efkes dwaan mei de triedleaze stofsûger. Se is dan sa grutsk op har nette en skjinne keamer! De âldste bringt it jiskefet en âld papier nei de kontener. Fierder meitsje se de tafel klear en helpe se graach mei it optearen fan de wask.”
Botsy: “Us famkes fan 12 en 9 jier moatte ek helpe: tafel klearmeitsje en ôfromje dogge se elke dei, sels bakjes en bekers klearmeitsje foar skoalle en harren eigen bêden ferskjinje (mei wat help) dogge se al in pear jier. At it sa útkomt, helpe se ek mei foarspielen, ôfwaskmasine yn- en útromjen, stofsûgjen, wask optearen en opromjen, glês fuortbringen, boadskipkes dwaan, itensieden. Doe’t se foarich jier noch in suske derby krigen, moasten se noch mear helpe. Ik ha no echt twa helpmemkes: se helpe mei mei ruften ferskjinjen, oanklaaien, iten jaan, boekjes foarlêzen, badderjen, treasten, ensafuorthinne! Se fine it net altyd leuk, mar krije wol hieltyd better yn ‘e gaten dat we it mei-inoar dwaan moatte.”
Sjoerdsje: “Dat soe wol fijn wêze! Se moatte harren eigen rommel oprêde, mar sels dat is al dreech!”
Thelma: “If they wanted to go anywhere, like skiing, school activities, etc, you better believe they had to earn it!”
Hanneke: “Us jonges fan 9 en 6 woenen graach bûsjild. Dus se dogge no elke dei wat. Ofwaskmasine leechhelje, handoeken opteare, stofsûgje of wask ophingje. Fierder moatte se krekt as wy har eigen spul oprêde, har wask opromje en mei syn allen de tafel wer ôfromje nei it iten. We dogge it mei syn allen, net mem allinnich fansels!”
Skriuwer: Dieuwke van der Meer

‘Wy genietsje no folle mear fan de bern’
Pakes en beppes binne anno 2021 net allinnich pake en beppe mar faak ek oppas foar harren bernsbern. Wat fine se dêr eins fan en bemuoie se harren ek mei de opfieding? Wy praten mei fjouwer grutske pakes en beppes oer harren dûbeldrol.

Bern op in fuotstik
In soad âlders binne ûnseker oer de opfieding. Se wolle harren prinskes en prinseskes alles jaan, materieel likegoed as emosjoneel. As se mar gelokkich binne. Berneterapeut Jacoba Wierstra (61) út Westergeast stelt datst bern krekt nét helpst troch alle kastanjes foar se út it fjoer te heljen.