Wat is better: tomme of sobber? Heit & Mem hat de fraach foarlein oan Baukje Yt van der Hoek-Osinga, logopediste & SI-therapeute yn Sint Nyk. Yn de Lytse Heit & Mem (nr 2 2014) stiet in artikel oer it advys fan Baukje Yt as logopediste en in toskedokter. Wat problemen kinne har foardwaan wat de spraak oanbelanget?
Baukje Yt van der Hoek-Osinga, logopediste & SI-therapeute: ‘Sadree’t bern begjinne te praten (1-1 ½ jier) advisearje ik de tomme of styk foaral op de mominten te brûken wannear’t bern wurrich binne. It hat de funksje om rêstich te wurden. Probearje it gebrûk fan de tomme of styk oan’t ein fan de dei te beheinen. Ik sjoch wolris bern oerdei mei in styk yn ’e mûle by mem op de fyts of yn de buggy sitten, mar dat fyn ik no sa spitich! Want wat is der no moaier om ûnderweis gesellich mei dyn pjut te kletsen en op dizze wize tegearre mei taal en spraak dwaande te wêzen?’
By Baukje-Yt blykt dat de sobber makliker ôf te learen is, kinst ‘m fuortgoaie of trochknippe mar net alle bern hawwe de foarkar foar de sobber fansels. Baukje-Yt: ‘myn advys is hoe earder hoe better! Bern ûntwikkelje minder problemen op it mêd fan spraak en slokken ensa mar ek foar âlders is it better want de striid duorret minder lang! By my yn de praktyk komme genôch bern dy’t faak as gefolch fan it gebrûk fan de tomme of styk problemen krije.
Problemen binne dan bygelyks:
- Bern dy’t troch de mule sykhelje yn plak fan de noas. Troch de styk of tomme bliuwt de tonge ûnder yn de mûle lizzen sadat de mûle earder iepen stean bliuwt. Dit kin problemen mei de earen jaan omdat bern minder faak slokke. Mar dat slokken is tige wichtich foar it leechmeitsje fan de earen.
- Bern dy’t in ‘overbeet’/’openbeet’ krije troch it sûgjen op de tomme of styk.
- Bern dy’t muoite hawwe mei it praten, kinne bygelyks de klanken dy’t mei it puntsje fan de tonge makke wurde moatte (t,d,n,l,s,z) net meitsje. Dêrtroch binne de bern minder goed te ferstean.
- Bern dy’t slisse. De tonge komt tusken de tosken troch en dêrtroch binne bern minder goed te ferstean.
- Bern dy’t ferkeard slokke. De tonge komt tusken de tosken troch. Sels in beugel op lettere leeftyd helpt dan net genôch.
Eigen erfarings fan logopediste Baukje-Yt van der Hoek:
Myn eigen soan hat ek in styk hân. Toen hy oardeljier wie, ha ik ‘m fuort helle en sein dat er der net mear wie. Hy hie doe de leeftyd dat hy begrypte wat ik dermei bedoelde, mar hy koe noch net sels betinke dat wy ek in nije keapje koenen. Eltse kear at ik him op bêd brocht beneamde ik dat de styk der net mear wie. Hy hat in pear minne nachten hân en wy as âlders ek, mar dêrnei wie it klear! Hoe âlder bern wurde hoe mear bewust se fan dingen wurde…
Mei dit ferhaal probearje ik âlders te oertsjûgen. Faak fine âlders it noch lestiger, of begrutliker of sels ek wol maklik at de tomme of styk ta treast is. It is foar it bern wol it bêste om it ôf te leren!!”
Ut: De Lytse Heit & Mem nr. 1 2014