Zoek op inhoud

Ferneamd: Trijntje


 ‘Wy sitte hjir mei fjouwer Trijntjes, mar de namme giet noch fierder werom yn de stambeam: ús mem, beppe en oerbeppe hjitten ek Trijntje.’

Oerbeppe: Trijntje (Tine) de Boer – Zandstra
Berne op: 27 oktober 1940
Wennet yn:
Snits

Beppe: Trijntje (Tineke) de Jong – de Boer
Berne op: 8 novimber 1968
Wennet yn:
Snits

Mem: Elise Trijntje de Jong
Berne op:
12 juny 1995
Wennet yn:
Snits

Dochter: Lieke Trijntje Drost
Berne op:
24 septimber 2019
Wennet yn:
Snits

Betsjutting Trijntje: rein, suver


Oerbeppe Tine: ‘Wy sitte hjir mei fjouwer Trijntjes, mar de namme giet noch fierder werom yn de stambeam: ús mem, beppe en oerbeppe hjitten ek Trijntje. Lytse Lieke is dus yn elk gefal de sânde Trijntje yn ús famylje, mar ik tink dat it sels noch fierder weromgiet. Geweldich fyn ik dat. Lieke is myn earste oerbeppesizzer, hiel spesjaal! Ik fyn it hearlik om har te sjen, thús pak ik har foto der ek gauris by, dêr genietsje ik o sa fan.’ 

Beppe Tineke: ‘Wy soene nochris útsykje moatte by Tresoar oft de namme noch fierder weromgiet. Prachtich, sa’n tradysje dy’t trochjûn wurdt. Doe’t by de gender reveal party bliken die dat Elise in famke krije soe, rekke my dat hiel bot. Fansels, in jonkje of in famke makket neat út, mar dochs waard ik emosjoneel. Dat myn dochter in dochter krije soe, fielde sa ferbûn. Dit wurdt in Trijntje, tocht ik.’

Mem Elise, laitsjend: ‘Wy koene net om it ferneamen hinne, dat begrypst. By de baby shower hiene twa minsken de namme Trijntje opskreaun: ús mem en beppe, haha! Dochs ha se beide noait serieus oantrune op dy namme, se lieten ús frij. Ik fyn it moai dat wy sa in stikje skiednis trochjaan kinne, it heart by ús famylje. It is ek fantastysk dat ús beppe it noch meimakket, moai om te sjen hoe grutsk sy is.’  

Oerbeppe Tine: ‘Hoewol’t ik offisjeel Trijntje hjit, sei ús heit by myn berte al dat er my Tynke neame woe. Hy wie bang dat Trijntje ôfkoarte wurde soe ta Tryn, dat fûn er ferskriklik. As jongfaam ha ik Tynke feroare yn Tine, dat klinkt wat folwoeksener. Ik fyn mysels no te âld om myn namme noch te feroarjen, mar as dat koe soe ik foar Tryntsje gean.’

Mem Elise: ‘Us namme klinkt yn it Frysk yndied moaier as yn it Nederlânsk.’ 

Oerbeppe Tine: ‘Doe’t ús beppe troude mei ús pake, krige se fan him in earmbân mei bloedkoralen. Dy giet no oer fan Trijntje op Trijntje. Hy stiet binnen de famylje bekend as de Trijntje-earmbân!’

Skriuwer: Marrit de Schiffart
Foto: Hippe Kiek Fotografie

lewyna

Ferneamd: Lewyna

Lewyna Jelsma: ‘Ik hie hielendal net ferwachte dat ik ferneamd wurde soe. Dêr hie ik it noch noait mei ús dochter Anja oer hân. Mar doe’t se my nei de befalling belle en fertelde dat se harren famke Lewyna neamd hienen, waard ik wol emosjoneel. Myn namme komt net in soad foar, dus it wie in prachtige ferrassing.

Ferneamd: Jelle

‘Jelle jr. sit no al elke dei yn ’e kroech!’
(Fan pake, dus dat mei wol…)

Ferneamd: Douwe


‘Wy Douwes hjitte net allinnich alle trije itselde, wy lykje ek hiel bot opelkoar. Wy binne stik foar stik bûtenmannen.’

Ferneamd: Trijntje


 ‘Wy sitte hjir mei fjouwer Trijntjes, mar de namme giet noch fierder werom yn de stambeam: ús mem, beppe en oerbeppe hjitten ek Trijntje.’

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer iten foar skoalbern, gearstalde húshâldings, menstruaasje op de basisskoalle, relaasjetips, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine