Zoek op inhoud

Magazines

Heit & Mem

2014 #1

Muzyk foar de berte

Mei in mem dy’t yn in brassband spilet en in heit dy’t dirigint is en slachwurker by de marechaussee, en dy’t boppedat ek graach pianospilet, kin lytse Jesse der net omhinne: muzyk heart by syn libben. It wie al yn Jesse syn earste libbensoere dat Ido (33) in pianostik fan Jennifer Lin foar him spile. Jesse Ids is no sân moanne âld en rôlet himsels om yn ’e boks as syn heit dat stik wer spilet. Hy werkent it grif! Of soenen heit en mem dat graach leauwe wolle?

Gebaren met je baby

Bern begjinne meastal mei sa’n oardel jier te praten. It docht bliken dat in baby fan seis moanne en âlder al mear begripe kin en him better uterje kin as dat men lang tocht. Mei gebaretaal kinst al mei dyn poppe ‘prate’ foardat hy mei wurdsjes begjint, en dyn baby kin op dy manier ek dingen mei dy diele, lykas wat hy allegear sjocht en meimakket! De gebaren binne itselde as by de gebaretaal foar dôven.

Tips fan heiten en memmen foar oansteande heiten en memmen

Elke âlder docht de dingen wer oars. Hjir in oantal tips en quotes fan heiten en memmen. Se kinne hiel handich wêze!