Zoek op inhoud

Stront en Strie


Opgroeie mei romte, greiden en bisten. Boartsje mei de bok, knuffelje mei kninen, klauterje yn it bosk en in hut meitsje fan âlde gerdinen. It heart as in jongesboek en dat is no krekt wat wy hjir op De Tike oan ’t skriuwen binne. Net écht fansels. Fiktyf.


Want hast elke dei liket him hjir ôf te spyljen as in spannende episoade út De Kameleon. Allinnich hjitte Hielke en Sietse by ús Simm (7) en Tomm (5). En wy hawwe gjin ûndogensk motorboatsje, mar in tinkbyldige ark fol bisten.

Wy wenje sûnt jannewaris dit jier fiifhûndert meter fierder as de tsien jier dêrfoar. Nee, fuort út De Tike woene wy nea wer. Doe’t myn frou Bitoen en ik as twa Drachtsters yn 2011 yn dit lytse smûke doarpke kamen te wenjen − ik woe graach in geit en dat kin net yn wenbuert De Drait yn Drachten − binne wy hjir geweldich ûntfongen. Waarme minsken. Moai doarp. In praatsje. Inoar wat helpe. Mar tsien jier geiten, in baarch en twa prachtjonkjes fierder krige ik in nij spinsel yn ’e kop: der moasten mar alpaka’s komme. En dat koe net by ús op de Peinderwei: krekt net grûn genôch. Dus doe’t him ein 2020 dy kâns op de Master Iniawei foardie, raasde heit yn syn geefste Frysk: ‘Hebben die kip!’

En mei dy hinnen, geiten, baarch, Yndonezyske rinnende einen, Sineeske grûniikhoarntsjes, kavia’s, hamsters, katten en kninen binne wy mei in soarte fan Ark fan Noach trije sleatten fierder telâne kaam. Mei alles wat krûpt, kloppet, grommet en blettert binne wy hjir sa lokkich as wat. Fansels docht heit al it wurk oan stront en strie, want sa giet dat ommers altyd nei in pear wike mei bern dy’t graach in beestje fersoargje wolle, mar ik fyn it machtich. Dat mien ik: ik soe net graach mear sûnder dy hiele kakofony fan natuerlûden om ús hûs hinne wolle. En wy hawwe it ek nochris ‘moai’ ferdield: ik it swit en de smoarge klauwen, wylst Simm, Tomm en mamma geregeld ús besite traktearje op in toeristysk − en skjin − rûntsje bisteboel. 😉

Skriuwer: Andries Jelle de Jong

Sticker

Ik bin hast jierdei. Myn freon soe mei Teije in kadootsje helje yn de stêd, mar dat rûn oars. Moarn is it dan safier. ‘Wanneer ga ik dan het cadeautje kopen, mem?’

SIIK

‘Dit soart mominten fyn ik it dreechst.’

Universum

Floris komt wer nei Ljouwert en hy nimt ditkear ek syn âlders mei.
Yn rjochte line binne dat de pake en beppe fan Teije. Foar it earst sille we mekoar treffe. We prate ôf by in lunchkafee mei boarterstún.

Blau

Ik doch de doar iepen en sjoch yn deselde blauwe eagen. De herkenning docht my fersjitten, mar makket my ek waarm tagelyk. Hy hat deselde donkerbrune jas oan as doe’t wy elkoar foar it lêst seagen, sa’n twa jier werom.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer iten foar skoalbern, gearstalde húshâldings, menstruaasje op de basisskoalle, relaasjetips, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine