Zoek op inhoud

Tineke is troud mei Jaime. Tegearre hawwe sy twa dochters, Famke (4) en Mailén (2). De bern drage allebeide twa achternammen: de Sileenske achternamme Millañir fan Jaime én de Nederlânske achternamme Nicolai fan Tineke.

Doe’t Tineke it yn har stúdzje genêskunde net rjocht fine koe, besleat sy foar njoggen moanne har koffer te pakken nei Sily.

Tineke: ‘Ik gong dêrhinne foar training en sindingswurk. Ik wurke mei yn it bernetehûs en de tsjerke, en it foldie my sa goed dat ik dêr acht jier bleaun bin. It Spaansk makke ik my eigen en nei in skoftke kaam ik Jaime tsjin. En noch in skoft letter binne wy troud, yn Sily. Dochs wenje wy no wer yn Dokkum mei de bern.

 ‘Te amo’ is itselde as ‘I love you’, mem!

Yn 2016, doe’t Famke twa wie en Mailén noch berne wurde moast, hawwe wy de oerstek wer makke, foaral mei it each op ’e takomst; it ûnderwiis, de sûnenssoarch en de kânsen foar de famkes binne hjir better.’ Dat betsjutte foar Jaime dat er yn in twatalige omjouwing telâne kaam. Tegearre mei Tineke praat er Spaansk, en mei syn dochters ek. Mailén husselet de talen no noch in bytsje trochinoar, mar hat wol troch dat der meardere wurden foar itselde binne. Mei de Spaansktalige abuelo en abuela (pake en beppe) wurdt yn it Spaansk skypet en fideobelle. Dochter Famke kin har Sileenske pake en beppe yn it Spaansk fertelle wat sy dien hat.
Tineke: ‘Wy fine it belangryk dat sy de taal mar ek it gefoel meikrije, de Sileenske kultuer moat njonken de Fryske ek troch harren bloed streame. Famke hat it al hiel goed troch dat sy meartalich is en dat der ek noch oare talen binne as it Spaansk, Nederlânsk en Frysk.
“Te amo” is itselde as “I love you”, mem! sei se lêsten.

As ik mei de famkes bin, praat ik Frysk. Dat is myn taal. De taal dy’t my sa eigen is. Doe’t wy mei Famke yn Sily wennen, ha ik besocht Nederlânsk mei har te praten. Dat wie in rasjoneel beslút. Hiel handich, tocht ik, as sy skielk by har pake en beppe yn Nederlân komt. Mar dat wurke net foar my; it “moast” Frysk wêze. Ik bin Frysk. Mar as wy mei syn fjouweren binne, praat ik Nederlânsk, sadat Jaime de taal tagelyk ek meikriget. It liket allegearre hiel yngewikkeld as ik it fertel, mar dat falt o sa ta. Yn de praktyk giet it floeiend en natuerlik.’

Sa prate wy thús: Femke en Marcelo

Femke en Marcelo wenje sûnt augustus 2023 mei harren beide soantsjes Keano en Milo yn Dronryp. Dêr wurde ferskillende talen praat: Nederlânsk en Ingelsk as fiertaal, mar ek Spaansk en Frysk!

Femke Guldemond (32)
Marcelo Cardoso (34)  
Keano (5) en Milo (2)

Sa prate wy thús: Fatma

Talen kleuren het leven van Fatma Abdela. Ze is geboren in Eritrea op een boerderij met veel koeien, kippen en schapen én een kat. Thuis in Eritrea spraken ze Saho, één van de negen talen die Eritrea rijk is. Met anderen spraken ze vaak Tigrinya, een van de grootste talen van het land. Arabisch kon ze alleen lezen.

De meest gestelde vragen over meertalig opvoeden

Meertalig opvoeden. Hoe doe je dat? Hier de meestgestelde vragen mét antwoorden voor je op een rijtje.

Tweetalige opvoeding: Mem, mag ik nog een bytsje ketchup?

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2019 #1

Yn dit nûmer:
✍️ It hânskrift fan dyn bern – hoe ûntwikkelet dat him en wat seit it?
😡 Boze emoasjes by bern – hoe kinst se begripe en begeliede?
👂 Bernepraatsjes – wurden dy’t dy oan it laitsjen meitsje.
🎶 Ynterview mei Hindrik van der Meer – oer muzyk en ynspiraasje.
🤰 Befalle mei in doula – stipe, rêst en krêft yn in bysûndere perioade.
📝 Kollum fan Tjalling de Vries – mei in skerpe blik en in knypeach.
📚 De Simke Kloostermanpriis
🎶 Dûnsje mei Tomke
🎲 De leukste selskipsspultsjes – foar jûns oan ’e tafel of in reinige sneon.
🌱 Skoaltunen – wêr’t bern learje fan de natuer.

En noch folle mear ferrassende ferhalen!

Bekijk magazine