Sa prate wy thús: Bart Jan en Leanne
Ratatouille! Sa soesto it taalfeest yn it hús fan de famylje Van Assen neame kinne. In miks fan gebaretaal, Twintsk, Nederlânsk en Frysk! Teije en Tjitze krije it allegear fan jongs ôf mei en Teije brûkt sels al in soad gebaren.
Bart Jan en Leanne van Assen hawwe twa lytse jonkjes. Tjitze is dit jier yn april berne en Teije wurdt yn novimber twa jier. Se wenje mei-inoar yn Daarle, Twinte, yn it hûs dêr’t Leanne opgroeid is. Bart Jan liet Fryslân achter him om by syn leafde te wenjen. Hjir yn Daarle is hy ‘dy jonge mei dat lange hier en dy Fryske klompen’!
Hy mist syn heitelân wol, mar de taal nimt er oeral mei him mei. En hy is fêst fan doel om syn beide soannen Frysk te learen. ‘Myn freonen binne rasechte Friezen, dy komme hjir ek en dan prate we Frysk fansels. Dat moatte myn bern wol meikrije!’ Dat fynt er trouwens ek fan it Twintsk, hear. Dus de bern krije yn dit húshâlden alles mei.
Bart Jan en Leanne hawwe elkoar kennen leard troch ‘World Servants’, in lanlike organisaasje dêr’t jongeren mei nei ûntwikkelingslannen geane om bouprojekten te dwaan. It wie by in fytstocht om jild op te heljen foar in projekt dat se elkoar moeten en letter gongen se tegearre nei Sambia om dêr in wenning te bouwen foar leararen. Doe wie Sjoukje, de gebaretolk fan Leanne ‒ dy’t fanôf har berte dôf is ‒ ek mei. Sy is om sa mar te sizzen de rjochterhân (of better sein: it ear) fan Leanne en is der soms by as Leanne it petear goed ferstean wol.
De taal fan de leafde hat lykwols gjin wurden nedich: Bart Jan en Leanne fûnen elkoar, trouden en hawwe no twa leave jonkjes. De âldste, Teije, wit dat er earst eefkes syn mem oanreitsje moat as er kontakt mei har ha wol. It learen fan gebaren giet hast automatysk. Hy praat earder gebaretaal as Frysk, Twintsk of Nederlânsk. Syn mem lêst ek Jip&Janneke yn it Frysk mei him, allinnich fynt Leanne it wol dreech om dat goed út te sprekken, de G yn ’t Frysk is net sa maklik foar har, krekt as wurden mei in dakje. Ek praat se Twintsk, en sa leart Teije bygelyks dat de doar ‘los’ is, yn plak fan ‘iepen’.
Teije ken gebaren foar wurden dy’t er noch net sizze kin. Dêrtroch kin syn mem him al faak wol ferstean. Mei gebaren makket er flugger kontakt as mei wurden. Hy seit yn gebaren al: ‘Wêr is de bal?’ En ek kin er ko, hûn, hoanne, fisk, haai, bal, heit en mama sizze! Bart Jan seit: ‘It is moai dat bern op meardere manieren kommunisearje kinne. Dêrom leare wy ús bern ek Twintsk; mei dy taal komst folle tichter by de minsken as wannear’tsto ABN praatst! Krekt itselde as yn Fryslân.’ Leanne: ‘En of hij uiteindelijk nou Frans, Chinees of Russisch praat, het allerbelangrijkst is dat hij de wereld begrijpt!’
Skriuwer: Marieke Vinckers
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Sa prate wy thús: Fatma
Talen kleuren het leven van Fatma Abdela. Ze is geboren in Eritrea op een boerderij met veel koeien, kippen en schapen én een kat. Thuis in Eritrea spraken ze Saho, één van de negen talen die Eritrea rijk is. Met anderen spraken ze vaak Tigrinya, een van de grootste talen van het land. Arabisch kon ze alleen lezen.
Sa prate wy thús: Femke en Marcelo
Femke en Marcelo wenje sûnt augustus 2023 mei harren beide soantsjes Keano en Milo yn Dronryp. Dêr wurde ferskillende talen praat: Nederlânsk en Ingelsk as fiertaal, mar ek Spaansk en Frysk!
Femke Guldemond (32)
Marcelo Cardoso (34)
Keano (5) en Milo (2)
Sa prate wy thús: Michel en Nienke
Nienke de Boer (42) en Michel van Doorn (49) wenje mei harren dochter Kaatje (5) no al in pear jier yn Tersoal. De húshâlding ferhuze fan Gouda nei Fryslân, om yn It Hearrenfean en nei ferrin fan tiid ek yn Snits in nij filiaal te iepenjen fan harren sieradewinkel. Fan dat stuit ôf nimme se in au pair yn ‘e hûs en wurdt neist it Nederlânsk ek it Ingelsk de fiertaal thús.
Sa prate wy thús: Rixt en Erik
Yn Eelde (Drinte) wenje Rixt van der Weide (28) en Erik Groeneveld (29) mei harren soan Daan, dy’t yn febrewaris 2 jier wurdt. Se ferwachtsje yn maaie wer in berntsje. Rixt en Erik ha inoar moete yn harren studintetiid yn Grins. Hoewol’t se allebeide út Fryslân komme, is Erik Nederlânsktalich grutbrocht en Rixt Frysk.