Sa prate wy thús: Michel en Nienke
Nienke de Boer (42) en Michel van Doorn (49) wenje mei harren dochter Kaatje (5) no al in pear jier yn Tersoal. De húshâlding ferhuze fan Gouda nei Fryslân, om yn It Hearrenfean en nei ferrin fan tiid ek yn Snits in nij filiaal te iepenjen fan harren sieradewinkel. Fan dat stuit ôf nimme se in au pair yn ‘e hûs en wurdt neist it Nederlânsk ek it Ingelsk de fiertaal thús.
Yn Fryslân lêst Michel yn in krantsje dat in útwikselingsstudint siket om húsfêsting. Hy stelt it foar oan Nienke, dy’t it net iens sa’n raar idee fynt. Michel: ‘Dit werd de aanleiding om op zoek te gaan naar iemand die structuur voor Kaatje zou kunnen bieden, omdat wij in Gouda en Heerenveen twee goedlopende zaken hebben.’
Michel: ‘Onze eerste au pair was een succes, we konden zien dat een au pair heel veel geeft, structuur voor het kind, een tweede taal en een cultuur die zorgt voor een bredere kijk op de wereld. Het enige wat je inlevert is een klein beetje privacy, maar daar krijg je zoveel meer voor terug.’ Nienke: ‘Wat de taal betreft, verliep het voor Kaatje heel naturel. Ze was 2,5 toen de eerste au pair kwam en ze is zich er heel erg bewust van dat er meerdere talen zijn en hoe ze moet schakelen.’
Omdat der alle jierren wer in nije au pair komt, is it foar it húshâlden it handichst om gewoan Ingelsk thús te praten. Michel: ‘Aan het eind van het jaar, als de au pair het Nederlands beter verstaat, vervaagt de voertaal weer naar het Nederlands.’ Mar neist it Ingelsk kriget Kaatje ek in protte mei fan de memmetalen fan de au pairs. Se kin al telle yn fjouwer talen, en hat no ek fan au pair Guna yn it Letsk tellen leard. Nienke: ‘Zo leerde Kaatje bijvoorbeeld van au pair Irene uit Brazilië Portugese liedjes. De taalontwikkeling van Kaatje gaat spelenderwijs razendsnel en dat maakt het heel erg leuk.’
Op dit momint wennet au pair Guna (21) út Letlân by de famylje Van Doorn. Kaatje wurdt foardat de au pairs komme altyd goed taret op it feit dat der in tiid fan kommen, mar ek in tiid fan gean is.
Neist it Ingelsk fan de au pair leart Kaatje ek noch it Frysk fan har freontsjes, dus wa wit praat se meikoarten ek noch floeiend Frysk!
Skriuwer: Fleur de Vries
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Hoefolle kin in mem drage?
“Tweintich kear deis spuie. Hast neat mear kinne. In twaling dy’t him al mei 31 wiken oankundige. In needkeizersneed. Twa popkes dy’t njoggen wiken lang yn it sikehûs fjochtsje moasten foar in begjin. En dêrnei ek noch in ferhuzing en in skieding. Hoefolle kin in mem drage foar’t se sels brekt?”
Gezinnen in alle vormen en maten
Op school leer je nog altijd het klassieke plaatje: vader, moeder en kinderen. Maar anno 2025 zien gezinnen er lang niet altijd zo uit. Bonusouders, samengestelde gezinnen en nieuwe rollen, het hoort er allemaal bij. Zelf merkte ik dat toen ik mijn partner ontmoette, die al twee kinderen had. Voor mij betekende dat een sprong in het diepe: bonusouder worden. En ik ben niet de enige die deze weg bewandelt.
Friese oranjekoek: een zoete trots uit Friesland
De Friese oranjekoek is een van de bekendste lekkernijen uit Friesland. Wie ooit een verjaardag, bruiloft of jubileum in Friesland heeft meegemaakt, kent hem waarschijnlijk: een zachte koek met een roze glazuurlaag, vaak versierd met slagroomtoefjes en stukjes gekonfijte sinaasappelschil. Ondanks de naam heeft de koek overigens niets met sinaasappel te maken. De naam verwijst naar het Huis van Oranje.
Antykonsepsje
Antykonsepsje: hoe dogge oare heiten en memmen dat? Oftst no al bern hast of noch twifelst oer útwreiding fan dyn húshâlding ‒ ier of let komt by in soad âlden de fraach op: hokker antykonsepsje past no it bêste by ús? De pil, in spiraaltsje, kondooms, wat natuerliks of de knip deryn? Der binne tsjintwurdich in protte mooglikheden. En krekt sa’t ús libbens feroarje, feroaret ek ús foarkar. Wat dogge jimme as jimme húshâlding kompleet is? Wy fregen it jimme op ús socials.