Resinsje Sipke op ’e buorkerij troch Jacquelien
Wy hawwe mei plezier it boek Sipke op ’e buorkerij lêzen.
Boer Hûn is siik en dus moatte Sipke en pake soargje foar alle bisten en it wurk op ’e buorkerij. Yn it boek lêze wy dat de kij ferweide wurde moatte en se moatte ek molken wurde, en der wurdt sels in kealtsje berne! Genôch aventoeren dy’t Sipke en syn pake belibje en dêr’tsto as pjut en beuker bekend mei rekkest en yn meinommen wurdst.
De moaie platen yn it boek, dy’t goed oanslute by de tekst, binne hiel passend. Wy sjogge de sike boer Hûn dy’t op syn bêd leit en Sipke dy’t freget oft er helpe mei, mar ek in moaie tekening fan de kij yn ’e dize yn ’e greide en fan it melken yn de melkput. Foar bern is der genôch te sjen yn de tekening om it ferhaal noch mear ta libben komme te litten en de wurdskat te fergrutsjen troch plaatsjes oan te wizen. Ek jout it de mooglikheid om in ferhaal te ferbreedzjen yn de eigen fantasij fan de bern en belutsenens te stimulearjen troch nijsgjirrich te wêzen nei wat der noch mear mei Sipke en pake barre sil yn it ferhaal.
De koarte tekst per side op rym, de moaie tekeningen en de kar om Frysk of Nederlânsk foar te lêzen meitsje it boek geskikt foar alle pjutten en beukers dy’t ynteressearre binne yn bisten en de buorkerij. En in perfekt boek om foar te lêzen, mei-inoar of allinne te besjen, nije wurden te learen en te genietsjen fan it libben op ’e buorkerij.
Jelle woe sels helpe mei it omslaan fan de bledsiden en it oanwizen fan de bisten en genoat fan it ferhaal fol ynteresse en konsintraasje. Wy koene it hieltyd op ‘e nij pakke om’t er der gjin genôch fan krige.
Wer in nij súksesnûmer út ‘e rige fan ‘e Gouden boekjes, in echte oanrieder!
Sipke op ’e buorkerij
It sânde dieltsje yn de twatalige rige Gouden Boekjes oer Sipke Pipermûs en syn pake. Dizze kear helpe se boer Hûn op de buorkerij. Boer Hûn is siik! Gelokkich kinne Sipke en pake in dei op ’e buorkerij passe. Der wurdt in kealtsje berne, de kij moatte ferweide wurde, en de buorkerijwinkel moat fansels ek iepen! Underwylst leart Sipke fan alles oer it Fryske lânskip. En as it wurk achter de rêch is, kriget Sipke in hiel bysûnder kado.