Zoek op inhoud

sipke ope buorkerij

Resinsje Sipke op ’e buorkerij troch Lieneke

Boer Hûn is siik, Sipke en syn pake helpe him op de buorkerij. It boek jout in moai byld fan wat der allegearre barre moat op in pleats. De measte âlden kenne de Sipke-boekjes wol, dêr binne al hiel wat titels fan. It aardige fan dy boekjes is dat se sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk te lêzen binne. Se binne dêrom geskikt foar elkenien.

Us bern fan 4, 3 en 1,5 jier wurde alle jûnen foarlêzen foardat se op bêd geane. Se meie de boekjes sels útkieze. De foarkar giet dan meastentiids út nei in Frysk boekje en in boekje dat oer bisten of de pleats giet.

Dit Sipke-boekje is dêr hiel geskikt foar.

Sipke sil tegearre mei syn pake de pleats runne, om’t boer Hûn siik is. Se helje de kij út it lân, melke de kij, der wurdt in kealtsje berne en se jouwe de kealtsjes molke. Sipke helpt syn pake goed. De kij moatte ferweide wurde en se ite in lekker broadsje by it winkeltsje.

Se rinne troch it plasdrasgebiet en hearre in ko lûd balten! O nee, de ko leit yn ‘e sleat! Sipke mei op ’e trekker helpe de ko út ’e sleat te heljen.

Sipke is wol wurch wurden fan al dat wurkjen op de pleats en falt yn ‘e sliep yn it hea.

Boer Hûn hat in kado foar Sipke foar alle goede help. It is in doaze mei in hoanne en in hin deryn. Tegearre mei pake timmeret er in super-hinnerin!

Der wurde Fryske wurden brûkt dy’t yn it deistich libben net folle brûkt wurde troch ús. Moai is dat je dan efkes weromfalle kinne op de termen efteryn.

sipke ope buorkerij

It boekje jout in goed byld fan wat der allegearre barre moat op in pleats. De tekst rymt leuk en is net te lang, sa bliuwt de oandacht by it boek.

Efter yn it boekje stean noch termen en útlis dêrby. Om’t guon wurden net folle brûkt wurde, is it moai datst dêr wat mear oer fertelle kinst, sadat de bern ek goed witte wat it betsjut.

Ek binne de yllustraasjes derby hiel leuk. Ilse (4 jier) telt benammen de bistjes, Jesse (3 jier) helpt mei te tellen, mar fynt foaral it ferhaal en de plaatsjes hiel leuk en Femke (1,5 jier) besiket by elk bist it lûd nei te dwaan.

It boekje is aardich om mei syn allen te lêzen, mar ek aardich om per bern te besjen yn ús gefal.

Sipke op ’e buorkerij

It sânde dieltsje yn de twatalige rige Gouden Boekjes oer Sipke Pipermûs en syn pake. Dizze kear helpe se boer Hûn op de buorkerij. Boer Hûn is siik! Gelokkich kinne Sipke en pake in dei op ’e buorkerij passe. Der wurdt in kealtsje berne, de kij moatte ferweide wurde, en de buorkerijwinkel moat fansels ek iepen! Underwylst leart Sipke fan alles oer it Fryske lânskip. En as it wurk achter de rêch is, kriget Sipke in hiel bysûnder kado.

Boekresinsje fan Annika: ‘Sipke op it keatsfjild’

Boekresinsje fan Simone: ‘Sipke sil sile’