Zoek op inhoud

It boek ‘Stip lûden op ‘e pleats’ is in machtich moai boek foar jonge bern. It boek bestiet út fiif fleurige printen, mei koarte teksten.

Oan ’e hân fan fiif drukknopkes kinne de bern ûnder/nei it lêzen fan in bledside sels de lûden dy’t by de bledside hearre, opsykje en hearre litte.

Wy wenje sels op in pleats en ús Hidde (krekt 3 jier âld) waard dan ek fuortendaliks bliid doe’t er dit boek seach. Hy drukte gelyk op de ferskillende knopkes, om te hearren watfoar lûden der ferstoppe sieten achter de knopkes.

By oare berneboekjes mei lûden giet it yndrukken fan de knopkes him net altyd sa maklik ôf, mar it moaie fan dit boek is dat hy it sels foarmekoar krije kin.

Stip helpt yn dit boek boer Simen op ’e pleats. Sa moatte de kij fretten ha, moat it stek fan de bargen makke wurde, moatte de aaien dy’t de hintsjes lein ha, socht wurde en moatte de skiep teld wurde. Mar it aldermoaist is natuerlik wol it riden op ’e trekker en it lûd dat dêrby heart!

In putsje dêr’t Hidde syn eigen heit ek graach by helpt.

Doe’t Djurre (krekt 1 jier âld) efkes letter fan bêd kaam, moast er fan syn grutte broer it boek ek fuortendaliks besjen. Krekt as syn broer is ek Djurre sljocht op ’e pleats en alles wat dêrby heart.

Sûnt in oantal wiken kin Djurre it lûd fan in ko neidwaan, wannear’tst in ko oanwiist, of ast fregest watfoar lûd in ko makket. De bledside dêr’t Stip de kij foer jout, hie dan ek fuort syn foarkar. Hidde fertelde syn lytse broerke wat der te sjen wie op ’e print en drukte foar him op it knopke fan de ko.

Wat hiene de beide mantsjes in wille. Mem wie net mear nedich, want sy rêden harrensels wol mei dit prachtige boek!

Marrit Jongbloed

‘Stip lûden op e pleats’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

Besjoch hjirûnder it filmke wêryn Marrit in fragmint út it boek foarlêst.

 

 

-> Marrit is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.