Resinsje Boer Boaris troch Fardau de Boer
De ynhâld fan it boek ‘Boer Boaris’ hat alles te krijen mei syn buorkerij.
Boer Boaris nimt de pjutten mei yn wat er allegear op ’e buorkerij hat. Der komme yn ’e rin fan it boek hieltyd mear dingen by.
De measte âlden kenne de boeken fan Boer Boaris wol, mar oant no ta wiene dy altyd yn it Nederlânsk. Wy hâlde fan foarlêzen en it leafst yn it Frysk, om’t it Nederlânsk al in soad yn ‘e omjouwing oanwêzich is. De Boer Boaris-boeken hawwe altyd in grut súkses west mei ûnder oaren de bisten. We wiene bliid te hearren dat Boer Boaris no ek yn it Frysk is.
Boer Boaris fertelt wat er sa allegear op syn buorkerij hat, fan bisten en skuorren oant fûgelferskrikkers en slaad. Der stiet in soad op de platen dêr’t je neist de tekst oer prate kinne en it moaie is dat it werkenbere dingen binne, sa as woartels, kobisten en hinnen.
De kat, de hûn en it mûske fan Boer Boaris geane mei him mei en komme as ienigen op alle siden wer werom. Al is it somtiden goed sykjen nei it mûske.
Dêrneist komme alle dingen en bisten út it boek byelkoar op de lêste side, yn itselde oantal. Der binne bygelyks acht kobisten en dy binne ek werom te tellen op de lêste plaat. Op dy side falt in soad te sjen, wêrtroch’t dat in moaie sykplaat is.
It binne moai grutte platen, mei net tefolle en net te min tekst. Us jongste (fan hast twa jier) fynt it moai om de bisten en de masines te besjen, wylst ús âldste mear ynset op it tellen. It boek is dus net allinnich geskikt foar pjutten, mar ek noch seker moai foar kleuters.
Al mei al in alsidich boek, wêrby’t je net allinnich lêze kinne mei de pjut, mar ek telle en sykje.
Fardau de Boer, Rottum
Boer Boaris
Boer Boaris hat in buorkerij en dêr hearre in hiel soad dingen en bisten bij. Sjoch, lês en tel mar mei!
Boer Boris is in populêre Nederlânske printeboekesearje fan Ted van Lieshout en Philip Hopman. Der binne al ferskate dielen ferskynd en meardere kearen yn ’e prizen fallen.