Ferneamd: Douwe
‘Wy Douwes hjitte net allinnich alle trije itselde, wy lykje ek hiel bot opelkoar. Wy binne stik foar stik bûtenmannen.’
Namme pake: Douwe Anema
Berne op: 2 jannewaris 1949
Wennet yn: Nes (Noardeast-Fryslân)
Namme heit: Douwe Douwes Anema
Berne op: 25 maart 1983
Wennet yn: Stiens
Namme pakesizzer: Douwe Sjoerd Anema
Berne op: 18 july 2016
Wennet yn: Stiens
Betsjutting Douwe: de namme komt fan it Fryske wurd ‘do’ (duif)
Pake Douwe: ‘Eins hie ik Piet hjitte moatten. Foardat ik berne waard, hienen ús heit en mem al in soan krigen dy’t se de namme Douwe Douwes jûn hienen. Dat jonkje is net âld wurden. Doe’t ik letter berne waard, hat ús heit syn skoanheit − myn pake Pieter − frege oft dy it net slim fûn dat se op ‘e nij in soan Douwe neame soenen. Pake Pieter fûn dat wol bêst. Dus sa bin ik úteinlik dochs in Douwe wurden.’
Heit Douwe: ‘Doe’t wy yn ferwachting rekken, wie foar ús fuortendaliks dúdlik dat ús soan de namme Douwe krije soe. Ik fyn it in moaie namme. Om betizing foar te kommen, ha wy derfoar keazen om Douwe in twadde namme te jaan. Sa kamen wy al gau op de namme Sjoerd. Dat past moai achter Douwe en boppedat is it de twadde namme fan myn broer en de namme fan myn omke. Dus is it úteinlik Douwe Sjoerd wurden.’
Pake Douwe: ‘Wy kamen der mei it besjen fan de stambeam ek noch achter dat de namme Sjoerd fier weromgiet yn de stambeam, lang ferlyn wie der nammentlik ien mei de namme Robijn Sjoerds. Hy wie troud mei de suster fan Grutte Pier, begjin 16e iuw. Yn de stambeam kinst hiel moai sjen dat Douwe Sjoerd yntusken al wer de sânde Douwe Anema yn ús famylje is. Ik bin der grutsk op dat dy tradysje noch altyd trochjûn wurdt.’
Heit Douwe: ‘Hieltyd minder fan ús freonen kieze derfoar om de bern te ferneamen yn de earste namme. Dochs fyn ik it wol in hiel moaie tradysje. Wy ha foar ús dochter in kombinaasje makke fan de nammen fan ús beide memmen, Ant en Trienke. Us famke hjit Anienke. In namme dy’tst net in soad hearst, mar dy’t wy tafallich al ris seagen yn in boekje mei Fryske famkesnammen. Krekt wat oars as oars, mar beide beppes fine it moai. En wy ek!’
Pake Douwe: ‘Wy Douwes hjitte net allinnich alle trije itselde, wy lykje ek hiel bot opelkoar. Wy binne stik foar stik bûtenmannen. Ik ha myn hiele libben bûten wurke op it lân. Us soan Douwe is ek in fjildman. Dy fong op syn fjirde de mollen by ús heit yn de tún. En ek Douwe Sjoerd mei graach bûten wêze. As wy yn it fjild binne, sjocht er elk fûgeltsje en oar bist. Dat fyn ik prachtich. En wy binne alle trije sljocht op reedriden en keatsen.’
Skriuwer: Nynke van der Zee
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Bertefotografy: emoasjes yn byld
Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.
Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske
Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.
Sa lêze wy: Eke en Doete
Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.
Panorama
We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?