Zoek op inhoud

Boekresinsje 'Sake ûntdekt in wûndereilân’ troch Jesper en Grietje

Boekresinsje 'Wêr is myn skaad' troch Tietsje

Super leuk, ik mei it boek “Wêr is myn skaad?” mei de bern lêze! Ik bin fuortendaliks entûsjast, want wat sjocht dat boek der prachtich út.

Boekresinsje 'Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse' troch Marie

It boek Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse giet oer in bear, neamd Sibbedeus, dy’t in pakje krijt mei de post fan iene Wisse. Sibbedeus hat gjin idee wa’t dy Wisse is, mar is wol nijsgjirrich en pakt it út. Yn it pakje sit it spultsje Gânzeboerd, mar dan foar ien persoan.

Boekresinsje 'Anton yn it museum' troch Irene

Wannear’t ik Anton yn it museum oan Arne (3 jier) foarlês, falt my fuort it kontrast fan dit boek op. De earste siden binne griis en grau. Se litte sjen hoe saai oft it bestean foar guon wêze kin, mei in saai hûs en saai wurk op in saai kantoar. Mar it libben fan Anton – en de siden fan dit boek – krije hieltyd mear kleur.

Fryske berneboeken op tema

Der wurde prachtige Fryske berneboeken útjûn. Wy ha alle boeken foar jimme op tema set, lykas de seizoenen, feestdagen mar ek tema's as ferstopperke of kleur en foarm. Wy winskje jimme in protte foarlêswille ta!

Sa lêze wy thús: Baukje Snieder

Baukje is troud mei Wymer. Soan Mads is yn maaie 3 jier wurden en yn juny krijt Mads in lyts broerke.

Boekresinsje 'Wêr is myn skaad' troch Sytske Anne

Boekresinsje fan Emke: 'Goeiemoarn'

Boekresinsje 'Stip syn moaiste ferhalen' troch Maaike

It is freed, it ein fan wer in nije skoalwike. Redmar hat krekt syn boarter útswaaid en faak brûke wy dat momint om efkes te ûntprikkeljen troch it lêzen fan in boekje. En krekt hjoed hat de postboade ús in nij boekje brocht!

Boekresinsje fan Gerbrich: Goeiemoarn!

It boek Goeiemoarn! is in waarme, fleurige start fan ’e dei foar lytse bern én harren âlden. It ferhaal giet oer it libben fan in lyts berntsje – mei alle moaie, gewoane mominten fan in bernedei. Fan ’t bêd komme, oanklaaie, yn bad, ite, boartsje mei knuffels en popkes, en bûtendoar boartsje – alles komt op in leaflike en werkenbere manier foarby.

De resinsje fan Rozemarijn: Wat in rommel!

Us piken fertsjinje mear! 

Wy wolle natuerlik it bêste foar ús bern. Sa ek de eksters yn it printeboek Wat in rommel! fan Emily Gravett, foar bern fan 2 oant 6 jier. Sy bouwe in nêst yn in hege beam. Mar as de fjouwer lytse blauwe aaien deryn lizze, is it de eksters noch net nei it sin. Sy sykje nei moaie spullen foar de takomstige piken en komme werom mei lytsguod, lykas koekoeksklokken en in slinger mei knipers en sokjes deroan. “It koe minder”, seit it âlderpear. “Mar ús piken fertsjinje mear.”

Resinsje 'Stip syn moaiste ferhalen' troch Marlies

‘Memmy. de postboade hat in kadootsje brocht.’ Tegearre mei ús Jelte pak ik it pakketsje út, wat in feest. ‘Oh yes isse Stip’, is syn earste reaksje. We begjinne daliks te lêzen.