Boekresinsje fan Tiny: ‘Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse’
Foar de heit&mem mocht ik it Fryske berneboek Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse lêze en dêr wat oer opskriuwe. In boek dat my fuortendaliks nijsgjirrich makke troch de kombinaasje fan filosofy, ferhaal en taal. Ik ha it foarlêzen oan groep 3/4/5 fan OBS Op ’e Dobbe yn Hallum en dat wie in moaie ûnderfining. De bern wiene fan it begjin ôf oan fol oandacht, ek om’t guon de Nederlânske ferzje al koenen. It wie no de Fryske edysje dy’t sintraal stie en dat makke dochs ferskil.
It boek fertelt it ferhaal fan Sibbedeus, in bear dy’t in gânzeboerd krijt fan in mysterieuze Wisse. Net folle letter stiet Sulver, in wite goes, foar de doar mei de wurden: “Folgje my.” Dat is it begjin fan in reis dy’t eins oer it libben sels giet. Soms giest foarút, soms moatst in stap werom, soms bart der wat dêr’tst gjin ynfloed op hast. It gânzeboerd wurdt in metafoar foar it paad dat elkenien gean moat. Tagelyk bliuwt it foar bern in fantasyrike reis mei bisten, tafallige moetingen en nuvere bochten.
It foel my op hoe goed de bern meigiene yn it ferhaal. De Fryske taal wie hielendal gjin obstakel, ek net foar bern dy’t thús meastentiids Nederlânsk prate. Earder oarsom: it klonk fertroud, rêstich en natuerlik. Guon bern seine sels dat se dizze Fryske ferzje moaier fûnen as de Nederlânske. Dat seit in soad. Eppie Dam hat de oarspronklike tekst fan Koos Meinderts op in tige soarchfâldige en natuerlike wize nei it Frysk oerset, wêrby’t de toan, styl en sfear hielendal bewarre bleaun binne.
Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse is in moai foarbyld fan in boek datst hiel goed thús lêze kinst, mar dat ek hiel geskikt is foar yn ’e klasse.
It is in boek mei meardere lagen. Foar lytse bern is it gewoan in moai ferhaal oer in bear en in goes dy’t op reis geane. Mar ast goed harkest, komst ynienen by grutte fragen út: Wêrom folget Sibbedeus dy goes eins? Hoe witst oft in paad goed is? Wat dochst ast weromfalle moatst? It boek jout gjin antwurden, mar set dy wol oan it tinken. Dat makket it hiel geskikt foar yn ’e klasse. Net allinnich by taal of lêzen, mar ek by ûnderwerpen lykas filosofy, keunst of gewoan in goed petear. Bern diele graach har tinzen, ast se dêr de romte foar joust.
De yllustraasjes fan Annette Fienieg binne echt in mearwearde. Se binne prachtich, sfearfol en passe hiel goed by it ferhaal. Foar de bern binne se hiel útnûgjend. Ek al is it Frysk foar in protte fan harren noch net sa maklik om sels te lêzen, se pakke it boek der dochs graach by. Om der yn te blêdzjen, de moaie platen te besjen en sa wer efkes yn it ferhaal te dûken. It boek bliuwt op dy manier libjen, ek nei it foarlêzen.
Op ús skoalle spylje boeken en lêzen in wichtige rol. Wy lêze alle dagen foar, litte bern sels lêze, mar ek ûntdekke. Wy wolle dat bern yn oanrekking komme mei ferskate foarmen fan jeugdliteratuer, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Op ús nije learplein is in grut oanbod oan boeken, dêr’t Fryske titels in fêst plak yn hawwe. Want boeken binne net allinnich leuk, se binne essinsjeel foar de ûntwikkeling fan taal, begryp en ferbylding.
Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse is in moai foarbyld fan in boek datst hiel goed thús lêze kinst, mar dat ek hiel geskikt is foar yn ’e klasse. Om foar te lêzen, oer te praten, by te tekenjen of sels wat by te skriuwen. It ferhaal hat wat stadichs, wat rêstichs, mar bliuwt boeiend. En it jout bern de romte om te tinken, te freegjen of gewoan even mei te dreamen.
Foar my is dit in bysûnder boek dat folle mear ûnder de oandacht komme mei. Ik fyn it moai hoe’t Koos Meinderts mei taal omgiet troch it brûken fan wurden mei dûbele betsjuttingen, lytse taalgrapkes en kreative formulearringen. Syn styl is tagelyk licht en yntelligint en der sit altyd mear yn as op it earste each liket. Eppie Dam hat dat op in knappe wize nei it Frysk oerset, mei in soad gefoel foar wat it ferhaal draacht. It soe moai wêze as der yn ’e takomst mear fan Koos Meinderts syn boeken yn it Frysk ferskine. Want dit boek lit sjen hoe’t in sterk ferhaal ek yn ús eigen taal hielendal ta syn rjocht komme kin.
Tiny Aagtjes

Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse
Op in dei krijt Sibbedeus de Bear in gânzeboerd tastjoerd, ôfkomstich fan in Wisse, dy’t him in goeie hân fan goaien winsket. Even letter stiet Sulver foar de doar, in sniewite gâns dy’t Sibbedeus freget om him te folgjen. It is de start fan in wûnderlik aventoer fan tafal en gelok, fan fallen en opstean. Mar wa is Wisse?
Boekresinsje ‘Anton yn it museum’ troch Irene
Wannear’t ik Anton yn it museum oan Arne (3 jier) foarlês, falt my fuort it kontrast fan dit boek op. De earste siden binne griis en grau. Se litte sjen hoe saai oft it bestean foar guon wêze kin, mei in saai hûs en saai wurk op in saai kantoar. Mar it libben fan Anton – en de siden fan dit boek – krije hieltyd mear kleur.
Sliepfeest
We hiene it ferline jier al dien, dus ek dizze kear koene we der net oan ûntkomme: de 12e jierdei fan Alant moast fierd wurde mei in sliepfeest.
Mei de bern op ’e yogamatte
‘Halloooo sinne! En no begroetsje wy de ierde, bûgje mar foaroer en lis dyn hannen op ’e grûn. Hallo ierde! En kom mar wer omheech. Hawwe jimme sin om mei in fleanmasine fier fuort te gean? Wêr geane wy nei ta? It oerwâld!? Dêr steane in soad beammen, gean mar ris op ien foet stean, dan bisto no sels in beam.’ It binne de ferhaaltsjes fan Tryntsje dy’t bern yn yogahâldingen bringe. Boartsjenderwize meitsje se sa kontakt mei it lichem. Oan ’e ein fan ’e les geane se yn ‘Savasana’, mar dat dogge se fansels lizzend op it strân, mei de sinne op ’e holle!