Boekresinsje ‘Sake ûntdekt in wûndereilân’ troch Lara
‘Sake ûntdekt in wûnder eilân’ is in spannend boek foar bern, dy’t harren fantasy noch net ferlern binne. Moai om foar te lêzen foar bern fan likernôch 7-8 jier. Tjits nimt dy mei yn de wrâld fan it floggen (iets wat faaks nij is foar de foarlêzer) en tagelyk ek yn de wrâld fan de fantasy. De tekst wurdt ôfwiksele troch dúdlike yllustraasjes, dy’t dy meinimme yn de wrâld fan Tjits.
Sake is de soan fan Tjits fan ‘Tjits floch’, fan omrop Fryslân. Hy wennet mei syn heit en mem en syn lytse suske Yldau. En Sake ferfeelt him. Hy hat in baalwike op skoalle en heart dat sneon de fuotbalwedstriid ek al net trochgiet. Gelokkich kin syn maat RJ boartsje. Mar wat moatst dan dwaan op sa’n dei? Sake freget mem om har flochkamera, om dêr in aventoer mei op te nimmen, tegearre mei syn freon. En Yldau fansels. Mei syn trijen betinke se dat se op in boat sitte en in nij eilân ûntdekke. Se komme yn de kunde mei leave seemeunsters, frjemde fûgels en aaibere dino’s, dy’t dochs net sa freonlik blykje te wêzen. Mar ûnthâld: Nei rein komt altyd wer sinneskyn! Yn in tige bysûndere wrâld, dêr’t alles oars is as oars.
In boek dat giet oer: ‘Wat kinst dwaan ast dy ferfeelst?’ en ‘Hoe kinst technyk brûke by it boartsjen?’ It boek nûget bern út om sels bûten aventoeren op te sykjen. Of om te nifeljen ûnder it harkjen fan de haadstikken troch. Want wat kinst sels foar moaie nije bisten betinke? Of blommen of eilannen? Alders kinne harren bern freegje wat sy foar ferhaal betinke kinne om te filmjen? En hoe se dat nijsgjirrich meitsje kinne foar oare bern? In modern boek, wat de harkers oansprekt en har (mei in bytsje help) oanset oant âlderwetsk boartsjen.
Lara Kool, mem fan Toby (12) en Lily (10)

Sake ûntdekt in wûndereilân
‘Ferfele is sá ferfelend,’ flústeret Sake foar him út.
Hy skopt yn ’e skulpen om. Hy sleept der kear op kear mei syn hakke trochhinne wêrtroch in hiel spoar ûntstiet.
‘Wat as…’ seit Sake.
‘Wat as wat?’ freget mem.
‘Wat as ik mem har flochkamera brûke mei?
Dan geane RJ en ik op aventoer, en wy meitsje ús eigen ferhaal’.
‘Sa mei ik it hearre!’ seit mem.
Se jout Sake de kamera, want mei in bytsje fantasy kin alles.
It aventoer kin begjinne…
Boekresinsje fan Tiny: ‘Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse’
Foar de heit&mem mocht ik it Fryske berneboek Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse lêze en dêr wat oer opskriuwe. In boek dat my fuortendaliks nijsgjirrich makke troch de kombinaasje fan filosofy, ferhaal en taal. Ik ha it foarlêzen oan groep 3/4/5 fan OBS Op ’e Dobbe yn Hallum en dat wie in moaie ûnderfining. De bern wiene fan it begjin ôf oan fol oandacht, ek om’t guon de Nederlânske ferzje al koenen. It wie no de Fryske edysje dy’t sintraal stie en dat makke dochs ferskil.
Resinsje ‘De rôf fan de Fryske Mummy’ troch Marrit
Stel dy it folgjende ris foar: Do bist in famke fan 12, it is simmerfakânsje, en dyn heit en mem geane nei Singapore! Jippy! En dan hearst datst net mei meist. Datst nei in minycamping yn Fryslân moatst. Yn in tinte yn stee fan in hotel. Mei de auto yn stee fan it fleantúch. Mei dyn muoike (tante), en net mei heit en mem. Bale!
Kinderrijmpjes en -liedjes helpen bij het leren van taal
‘Suze nane poppe…’ Grote kans dat je dit liedje vroeger veel hebt gehoord als je met het Fries bent opgegroeid. En grote kans dat je jezelf dit liedje ook weer hoort zingen zodra je zelf een kindje krijgt. Wiegeliedjes en rijmpjes die je in je jeugd vaak hebt gehoord, zullen voor altijd in je hoofd gegrift staan.