It boek Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse giet oer in bear, neamd Sibbedeus, dy’t in pakje krijt mei de post fan iene Wisse. Sibbedeus hat gjin idee wa’t dy Wisse is, mar is wol nijsgjirrich en pakt it út. Yn it pakje sit it spultsje Gânzeboerd, mar dan foar ien persoan.
At Sibbedeus mei de dobbelstien goait, begjint it spultsje en belibbet er fan alles. Hy ferlit syn hûs en giet op ’en paad mei de sniewite gâns Sulver dy’t foar de doar stiet en him meinimme wol nei wêr’t it lot harren bringe sil.
Ik fyn dat it boek moai skreaun is, it sprekt ta de ferbylding. De skriuwer brûkt in protte fantasij, bygelyks yn de omskriuwing fan de dieren en minsken dy’t Sibbedeus ûnderweis tsjinkomt, lykas Oskar it ikelmantsje. Sibbedeus komt yn oanrekking mei alle fasetten fan it libben: hy leart himsels kennen en komt himsels tsjin, syn goedens en fertrouwen wurdt beskamme en hy belânet letterlik en figuerlik yn de put en moat soargje dat er dêr ek wer útkomt. Hy leart in protte minsken kennen, wêrfan’t guon goeie freonen wurde en oaren net te fertrouwen binne, sa’t bliken docht.
Yn it boek stiet ûnder alle haadstiktitels in lyts stikje tekst oer it kommende haadstik. Persoanlik fyn ik dat jammer omdat je sa al in bytsje witte wêr at it ferhaal hinne giet.
De ein fyn ik hiel bysûnder en ek ûnferwachte. Ik hie in wat blidere ein yn gedachten, seker sjoen it feit dat it in berneboek is.
It boek hat prachtige tekeningen dy’t ta de ferbylding sprekke.
Al mei al wol in moai boek om te lêzen. Wat betreft foarlêze of bern sels lêze litte, tink ik dat 9 jier in moaie leeftiid is fanwege de ûnderwerpen dy’t somstiden wol heftich binne: libben en dea, fertrouwe en bedondere wurde ensafierder. It ferhaal is wol hiel moai om dy ûnderwerpen besprekber te meitsjen mei de bern en it kin tink ik ta moaie gesprekken liede mei jins bern.
Resinsje skreaun troch Marie Ketelaar-Algra, wenjend yn Dalfsen. Juf basisskoalle groep 5.
-> Marie is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.
Boekresinsje ‘Anton yn it museum’ troch Irene
Wannear’t ik Anton yn it museum oan Arne (3 jier) foarlês, falt my fuort it kontrast fan dit boek op. De earste siden binne griis en grau. Se litte sjen hoe saai oft it bestean foar guon wêze kin, mei in saai hûs en saai wurk op in saai kantoar. Mar it libben fan Anton – en de siden fan dit boek – krije hieltyd mear kleur.
Boekresinsje fan Tineke: ‘Klút & Mients ûntdekke eb en floed’
Een prachtig en informatief leesboek. Op speelse wijze, uitgebeeld met de twee vogels Klút en Mients, leren de kinderen van alles over het leven in en rondom de Waddenzee.