Boekresinsje ‘De geheime doar’ troch Hilda
Auteur Lida Dykstra stiet eins wol garant foar in kwalitatyf goed boek dat dy as lêzer meinimt yn it aventoer. En dat jildt seker ek by har nije boek ‘De geheime doar’. Dêryn steane ferskate koarte ferhalen dy’t hieltyd wer pakkend binne. Dêrtroch kinst it moai flot trochlêze. En meast by ien ferhaal net ophâlde.
Der sit humor, spanning en aventoer yn. Freonskip, bisten, skiednis en it deistige. De moaie, detaillearre omskriuwingen litte dy de ferhalen meibelibje, as bist der sels by. Somtiden komme der in pear drege skiedkundige nammen nei foaren, mar dy passe dan goed by it ferhaal. En soest der sels noch wat fan leare kinne. Lida hat fierder in noflike opbou yn de teksten. En moaie Fryske útspraken komme ek geregeld nei foaren. Wat it ekstra leuk makket. Lykas: ‘It hert slacht har as in lammesturtsje.’ Of: ‘Hy ferpofte it yn syn pofbroek!’
De titel en it kaft sjogge der spannend en sierlik út mei it pears en de goudkleurige tinten. En dêrby de geheime doar sels, yn ’e midden. Yn it boek steane in pear yllustraasjes/foto’s. De sierlike skutblêden binne net fergetten en meitsje it ta in passend gehiel.
De ferhalen binne ek alle kearen wer ferrassend, want: wa hat der ‘tosken as messen’? Of sa’n ûndernimmende beppe lykas beppe Roazemaryn? En wat te tinken fan de grizelbeppe en de koppige pake! Held Balto. En Alfa mei der ek wêze! Dan de belangrike mar pittige filosofyske les mei de trije seven fan Socrates, fan groep 7/8. En wa is eins CvdK?
Untsettend leuk om sels te lêzen (ek as folwoeksene), of tegearre, foar it sliepen. Of om yn ’e klasse foar te lêzen, ûnder it fruitskoft. Of oan ’e ein fan ’e skoaldei.
En ast wer by de byb komst, sjochst dan ek even oft Jelle Kingma dertusken stiet? Wy wol hear! By de K, tusken Khan en Kinney.
Hilda Mous, mem fan Friso (16) en Sinne (11).
-> Hilda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

De geheime doar
25 ferhalen om yn te ferdwinen… De geheime doar stiet fol ferrassende en ferwûnderlike ferhalen oer in plysjehûn, minsken út it jier 2275, Jacob dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast, strafwurk yn de sechstjinde iuw … en noch folle mear. Yn in tige meinimmende styl wit Lida Dykstra de lêzer altyd de skiednis óf krekt de takomst yn te lûken, mei ferhalen fol fantasy en humor en hjir en dêr in sparkje magy. De geheime doar is in ferfolch op de suksesfolle ferhalebondel It Spûkskip.
Boekresinsje ‘Anton yn it museum’ troch Irene
Wannear’t ik Anton yn it museum oan Arne (3 jier) foarlês, falt my fuort it kontrast fan dit boek op. De earste siden binne griis en grau. Se litte sjen hoe saai oft it bestean foar guon wêze kin, mei in saai hûs en saai wurk op in saai kantoar. Mar it libben fan Anton – en de siden fan dit boek – krije hieltyd mear kleur.