Zoek op inhoud

Resinsje ‘De rôf fan de Fryske Mummy’ troch Marrit

Stel dy it folgjende ris foar: Do bist in famke fan 12, it is simmerfakânsje, en dyn heit en mem geane nei Singapore! Jippy! En dan hearst datst net mei meist. Datst nei in minycamping yn Fryslân moatst. Yn in tinte yn stee fan in hotel. Mei de auto yn stee fan it fleantúch. Mei dyn muoike (tante), en net mei heit en mem. Bale!

Neat te dwaan behalve lizze en lêze, dyn ynternetbundel hast fansels allang opbrûkt. Saai…

Dat is it útgongspunt fan De rôf fan de Fryske mummy. Us Anna fan 13 moat der ek echt net oan tinke om sa fakânsje te ‘fieren’, ja, tusken ‘’, want fieren is it dan net.

De Anna út it boek moetet gelokkich Wietze, hy wennet op in pleats by Wiuwert en hy freget har oft sy de mummys al sjoen hat. “Mummys yn Fryslân, bisto wol goed by de holle?” is de gearfetting fan wat Anna tinkt. Dat kin dochs net, Wietze moat wol lige, want mummys binne yn Egypte! Wietze hâldt fol, en nimt har mei nei de tsjerke yn Wiuwert. Steven sil dêr útlis jaan, in stik skiednis fertelle, en sy kin dan sels de mummys besjen, echt wier!

Der sitte mear minsken yn ’e tsjerke, en ien dêrfan falt Anna op. Se krijt in hiel fjemd gefoel by dy frou, dy’t twa gesichten sjen lit. Net ien fan de oaren hat dat sjoen… Wat wol sy? Wêrom docht sy sa? Soe se echt in mummy rove wolle? Mar wat moat se dêr dan mei? En wêrom leaut net ien Anna?

Spanning ten top, it boek is goed (foar) te lêzen. Fijne, net al te lange haadstikken, sadatst – ast dat doarst fansels – foar it sliepen gean noch ien (foar-)lêze kinst. Us middelste fan 9 fynt sels Frysk lêze noch wol wat lestich, mar lústerje nei mem dy’t har foarlêst wylst sy lekker ûnder it waarme dekbêd krûpt bist, dat slagget wol.

Koartsein: dwaan, yn dyn winkelwein stopje! In machtich moai superspannend (foar)lêsboek!

Marrit

De rôf fan de Fryske mummy

De rôf fan de Fryske mummy is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren lang noch troch gjinien oplost wurde koe.

De resinsje fan Marrit: De letterfretter

Resinsje fan Marrit: ‘Jou my de romte!’