Zoek op inhoud

Boekresinsje: ‘Dat is moai Frysk!’ troch Fardau de Boer

Gearfetting
Al op de foarside fan it boek ‘Dat is moai Frysk’ kinst yn de ôfbyldingen in soad moaie Fryske wurden en siswizen weromfine. Hast gjin idee wat se betsjutte? Gjin noed, yn dit boek komme se allegear op ferskate wizen foarby. Yn seis haadstikken kinst dy Fryske siswizen en wurden tsjinkomme yn ferhaaltsjes, moaie sinnen, puzels, sykplaten en by ôfbyldingen. Elk haadstik hat syn eigen ûnderwerp, lykas famylje, kommunisearje en iten.

Beoardieling
It boek lêst gau in ein wei troch de yllustraasjes, ôfwikseling en koarte stikken tekst. By de wurden en siswizen steane oersettingen en útlis. Lykwols is it handich dat der foarbyldsinnen by skreaun binne of dat de wurden yn in stik tekst ferwurke steane. Sa witst op hokker wize ast se brûke kinst. Dêrtroch silst se nei alle gedachten ûngemurken ek ûnthâlde.

Der steane bygelyks in soad Fryske wurden yn dy’t net op de goede wize brûkt wurde, om’t se yn ’e regel direkt oerset wurde út it Hollânsk wei. Soksoarte wurden binne wiidweidich taljochte.

Yn alle regio’s fan Fryslân wurde guon wurden oars útsprutsen, sa’t ek in oantal kearen weromkomt yn it boekje. Elkenien hat syn eigen taalomjouwing, wêrby’t guon siswizen mear bekend binne yn de iene regio as yn de oare; mar wêr’t je ek wei komme, foar elke Fries sitte der werkenbere wurden en siswizen yn it boek. Yn selskip sil dat sûnder mis moaie petearkes opleverje.

Konklúzje
Sa’t ek sein wurdt yn it boek, is dit in seleksje fan de Fryske taal, mar op dizze wize kinne wy Friezen al in ferdjipping en ferriking oan ús taalomjouwing en de Fryske taal jaan. Hjirmei kinne wy it taalbewustwêzen fergrutsje, wat dreech klinkt, mar sa fielt it boek beslist net, om’t it op in aardige en luchtige wize delset is. It is net allinne aardich om sels te lêzen, mar ek om kado te jaan oan dyn heit, mem, beppe, pake, omke of muoike ‘dy’t alles al hat’, om’t hja fan it Frysk nea genôch krije kinne!

Altyd al benijd west nei hoe’t it no krekt sit mei it Frysk? Twivelest oft eat no Frysk of Nederlânsk is, of bist benijd oft earne ek in moaier wurd foar is?

It boekje Dat is moai Frysk! lit dy sjen wat it Frysk eigen makket. Tink oan dingen dy’t oars binne as yn it Nederlânsk, flaters dy’t in soad makke wurde en fansels in hiel soad moaie, typysk Fryske wurden en siswizen.  In ferdjipping foar dyn taal, gewoan omdatst it nijsgjirrich fynst of omdatst moaier Frysk leare wolst. Mei hjir en dêr in grapke, want it moat benammen aardich wêze!

Boekresinsje: ‘Sipke sjocht stjerkes – Sipke ziet sterretjes’ troch Sieta de Vries

Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting

Se krije geregeld de fraach oft se harren swangerskippen miskien opinoar ôfstimd hawwe. Anne Kruisenga-Rohn (34) en Gerbrich van Baar-Rohn (32), opgroeid yn Arum, moatte dêr altyd om laitsje. ‘It is echt tafallich dat wy dit alles tagelyk belibje meie.

Boekresinsje ‘De geheime doar’ troch Hilda

Auteur Lida Dykstra stiet eins wol garant foar in kwalitatyf goed boek dat dy as lêzer meinimt yn it aventoer. En dat jildt seker ek by har nije boek ‘De geheime doar’. Dêryn steane ferskate koarte ferhalen dy’t hieltyd wer pakkend binne. Dêrtroch kinst it moai flot trochlêze. En meast by ien ferhaal net ophâlde.

Sa lêze wy thús: Baukje Snieder

Baukje is troud mei Wymer. Soan Mads is yn maaie 3 jier wurden en yn juny krijt Mads in lyts broerke.