Benthe is sljocht op wetterpolo
Benthe Groendijk (13)
♥1e klas fan it Chr. Gymnasium Beyers Naudé
♥dream: kampioen wetterpoloster
♥lêst lêzen: what’s app
♥boek: 28 dagen, David Safier
♥film: the Hunger Games
Benthe is sljocht op wetterpolo. Al goed seis jier swimt sy by ZV Middelsé-De Skelp yn Stiens, yn in team fan jonges en famkes. Benthe fertelt hjir oer har hobby, skoalle en wat se fierder graach docht.
‘Ik train fjouwer kear yn ’e wike en dat fyn ik hearlik. It is aktyf en ik kin der myn enerzjy hielendal yn kwyt. Om’t wy sa’n soad traine, en elkoar dus ek faak sjogge, ha ik hjir ek freonen makke. Dat hat syn foardielen: se binne allegearre sportyf! Ik fyn wetterpolo hiel leuk, mar soms giet it der ek minder sportyf oan ta. Meist elkoar net ûnder wetter lûke, mar dat wol net sizze dat soks yn in wedstriid net bart. As de skeids soks by de tsjinpartij wol registrearret, mar net fluitet, fyn ik dat fet stom en kin ik behoarlik nidich wurde. Fansels doch ik it sels ek wol ris, mar dan as de skeids net sjocht.
It trainen is in grutte útlaatklep.
It trainen is in grutte útlaatklep en it hat my ek holpen yn tiden dat ik net goed yn myn fel siet. Op de basisskoalle wie ’t yn it lêst oan net altyd like gesellich en ik wie bliid dat ik doe ek nei wetterpolo koe. De nije skoalle wie in opluchting. Ik koe earst hast gjinien fan myn nije klasse. Gelokkich feroare dat gau, en ha ik it hjir op myn nije skoalle no hartstikke nei ’t sin.
Mar dizze wike ha we fakânsje, ek fijn! Dan betinke we thús mei syn allen wat leuks. We gean in kear nei de bios, te swimmen of nei in Indoor trampolinepark. As ik frij bin, en ik hoech neat, dan lês ik graach in boek út de byb. Ik hâld fan spannende detectives, mar ek wol fan fantasy. Lêsten ha ik op Netflix de fjouwer ôfleveringen fan de Hunger Games sjoen en no draait de fyfde yn Pathé. Dy soe ik ek wol sjen wolle. Wat ik noch mear leuk fyn? Appe mei freondinnen fansels.’
Troch: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie
De bern fan Mantgum: Minke
Minke wennet mei har heit, mem en broerke Jitse yn in hûs oan de Mantgumerfeart. Noch eefkes dan, want se sille ynkoarten in healjier op ’e camping yn Koudum wenje. Gewoan, om’t it sa’n moai aventoer is. Minke hat der no al sin oan om hiel faak fan de grutte glydsbaan te gean. Se hat in leuk libben, fynt se sels. In drok libben ek, mei in soad hobbys en sport. Twa kear yn ’e wike shorttrack, hurddrave, keatse, gitaarspylje… En dan docht se dit jier ek noch mei oan it Berneiepenloftspul.
De bern fan Mantgum: Twirre
Twirre hat krekt har jierdei hân en hat fan alles krigen: klaai, in krasboekje, in abonnemint op it tydskrift fan Freek Vonk. Mar it moaiste is de koffer mei mikroskoop. ‘Wy ha der al in wimper ûnder hân, en in bledsje… Kinst der ek allegear nije dingen mei ûntdekke.’ Dy mikroskoop komt goed fan pas, want Twirre wol letter biolooch wurde. Ek plysje en dûnser trouwens.
De bern fan Mantgum: Jort
Jort wennet mei syn heit, mem en trije grutte broers Jelte, Melle en Djurre op in buorkerij bûten Mantgum. Dêr is altyd in soad te dwaan; mei de knyntsjes boartsje, of mei de jonge poeskes as dy der binne. Jort helpt heit ek wolris op ’e pleats, dan mei er op ’e trekker of op ’e shovel. En as it min waar is, boartet Jort mei syn broers yn ’e garaazje, genôch romte om lekker te rauzen! Mar spultsjedwaan is ek altyd leuk. Uno en Kroko Loko binne Jort syn favoriten. In spultsje winne slagget allinne hast noait, want dat docht grutte broer en spultsjefanaat Melle altyd.
De bern fan Reahûs
Reahûs (Roodhuis) is in lyts doarpke mei in lytse 200 ynwenners. It leit oan de Frjentsjerter Feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân, flak by Snits, Skearnegoutum en Easterein. De skoalle fan Reahûs is it middelpunt fan it doarp en stiet neist de tsjerke, it doarpshûs (It Readhûs), it doarpskafee (Café de Ree) en it sportfjild (de Pôle). Oan de râne fan it doarp leit camping ‘de Finne’, oan de Frjentsjerter Feart. Reahûs hat in bloeiend ferieningslibben dat ’m simmers benammen op it keatsfjild ôfspilet. Op IKC Sint Bonifacius sitte sa’n 45 bern, dy’t net allinne út it doarp Reahûs komme, mar ek út de omkriten.