Zoek op inhoud

Minke wennet mei har heit, mem en broerke Jitse yn in hûs oan de Mantgumerfeart. Noch eefkes dan, want se sille ynkoarten in healjier op ’e camping yn Koudum wenje. Gewoan, om’t it sa’n moai aventoer is. Minke hat der no al sin oan om hiel faak fan de grutte glydsbaan te gean. Se hat in leuk libben, fynt se sels. In drok libben ek, mei in soad hobbys en sport. Twa kear yn ’e wike shorttrack, hurddrave, keatse, gitaarspylje… En dan docht se dit jier ek noch mei oan it Berneiepenloftspul.

Se sit yn it ‘ensemble’ en mei dûnsje en sjonge yn it stik ‘De Rottefanger fan Himmelum’. Minke wol letter graach moadeûntwerpster wurde. Mei har freondinnen Fleur en Anna hat se krekt in band oprjochte: ‘The Fallen Stars’. Har freondinnen spylje op it keyboard en de sambaballen, Minke op gitaar. Minke sil de kostúms en de posters ûntwerpe en se hat ek al in earste ferske skreaun..

Minke (11 jier)

Lêze: 100% Coco en avontuereboeken.

Sjen: Victorious en Sam & Cat

Dream: In bekende moadeûntwerpster wurde. Dan lit ik in hiel grutte filla yn Mantgum bouwe en dêrneist in hûs mei in maneezje foar myn freondinne. En myn dream is ek dat myn band beroemd wurdt.

As Minke in hobby kieze moat, dan kiest se dochs foar it shorttracken. ‘Ik siet earst op gewoan reedriden, mar dat fûn ik op it lêst wat saai. By shorttrack mei alles, kinst oeral tuskentroch. En kinst lekker hurd troch de bochten.’ Se traint twa kear yn ’e wike by Trias yn Ljouwert en dan binne der noch wedstriden. Alle tiid en enerzjy dy’t se dêryn stekt dogge wol fertuten: by de lêste regiowedstriid is Minke tredde wurden. In nije Xandra Velzeboer of Suzanne Schulting yn ’e dop?

Minke sit yn groep 7 en hat in leuke, mar ek drokke klasse. Se hat krekt it rapport mei nei hûs krigen. Pake is spesjaal delkaam om it te bewûnderjen. ‘It is in superbern. Minke hat lêsten in foarlêswedstriid wûn, se is no de bêste foarlêzer fan skoalle. Mar it meast grutsk binne wy op wat de juf sei: “Minke kin sa goed harsels bliuwe”.’ Op skoalle docht se it leafst ‘Crea’ of ‘Stellen’. ‘Dat is fantasyferhalen betinke, meist alles opskriuwe watst wolst. Ik ha lêsten in ferhaal skreaun oer dat ik mei myn gesin nei Tokio gean.’ Dat like broerke Jitse ek wol wat. Wa wit komt dat der nochris fan, mar no earst mar nei Koudum!

Tekst: Hieke Rienstra
Foto’s: Hippe Kiek Fotografie

Oer Mantgum

Mantgum (gemeente Ljouwert) is in doarp mei sa’n 1.100 ynwenners. It doarp leit oan de spoarline Ljouwert-Starum. Yn it doarp steane aardich wat ryksmonuminten en de doarpskom sels is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht. Mantgum hat in pear winkels, lykas in bakker, supermerk en skuonwinkel. Der is ien basisskoalle (OBS De Gielguorde) en in doarpshûs (MFC de Wjukken) mei dêrby in beweech- en boarterstún oan de Mantgumerfeart (Plan Boppeslach).

Fierder hat Mantgum in bloeiend ferieningslibben mei ûnder oaren in keatsferiening, in kuorbalferiening en in tennisferiening.

jort

De bern fan Mantgum: Jort

Jort wennet mei syn heit, mem en trije grutte broers Jelte, Melle en Djurre op in buorkerij bûten Mantgum. Dêr is altyd in soad te dwaan; mei de knyntsjes boartsje, of mei de jonge poeskes as dy der binne. Jort helpt heit ek wolris op ’e pleats, dan mei er op ’e trekker of op ’e shovel. En as it min waar is, boartet Jort mei syn broers yn ’e garaazje, genôch romte om lekker te rauzen! Mar spultsjedwaan is ek altyd leuk. Uno en Kroko Loko binne Jort syn favoriten. In spultsje winne slagget allinne hast noait, want dat docht grutte broer en spultsjefanaat Melle altyd.

synestesie

Synestesy: Femke en Sinne sjogge alles yn kleuren

Tsien is giel, woansdei is bordeauxread en augustus is fletsgrien. Al salang’t Femke de Walle har heuge kin, hawwe sifers, dagen en moannen in kleur. Mar ek noaten, akkoarden, seizoenen, letters en sels wurden ferskine foar har yn útienrinnende tinten. 

Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting

Se krije geregeld de fraach oft se harren swangerskippen miskien opinoar ôfstimd hawwe. Anne Kruisenga-Rohn (34) en Gerbrich van Baar-Rohn (32), opgroeid yn Arum, moatte dêr altyd om laitsje. ‘It is echt tafallich dat wy dit alles tagelyk belibje meie.

De bern fan Mantgum: Twirre

Twirre hat krekt har jierdei hân en hat fan alles krigen: klaai, in krasboekje, in abonnemint op it tydskrift fan Freek Vonk. Mar it moaiste is de koffer mei mikroskoop. ‘Wy ha der al in wimper ûnder hân, en in bledsje… Kinst der ek allegear nije dingen mei ûntdekke.’ Dy mikroskoop komt goed fan pas, want Twirre wol letter biolooch wurde. Ek plysje en dûnser trouwens.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2026 #1

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
In prachtich fergees tydskrift fol ynspiraasje, ferhalen en tips foar alle heiten, memmen en oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Yn dit nûmer:

❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen
👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen
🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe
💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin
📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske
🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane
🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern
👨‍🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk
👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte
🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân
👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe
📵 Opfiede sûnder skermen
👨‍👩‍👧 Wannear ast ien bern krigen hast…
❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe
✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst!
💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys
📖 De moaiste Fryske berneboeken

In tydskrift fol Fryske ferhalen, werkenning, humor en ynspiraasje foar it hiele gesin. En it moaiste? It is hielendal fergees! 💛

Bekijk magazine