Zoek op inhoud

Wa bisto en wêr komst wei? 

Myn namme is Marte Otter, ik bin 36 jier en ik bin berne yn Burchwert. Ik ha in pear jier yn Deinum wenne, wêrnei’t we ferhuzen nei Blessum. Dêr ha ik yn myn middelbere skoaltiid wenne. Ik siet op skoalle yn Frjentsjer, dus dat wie in flink ein fytsen. 

Wat is dyn memmetaal? 

Myn memmetaal is Frysk. Us mem is sels yn it Hollânsk grutbrocht en ús heit prate thús Stedsfrysk (Snekers). Tegearre ha se besletten om ús yn it Frysk grut te bringen. 


Hoe bisto yn Houten bedarre? 

Op myn 18e bin ik Sociale Geografie begûn te studearjen yn Utert. Ik spylje sello en bin ûnder myn stúdzje lid wurden fan it Utrechts Studenten Koor en Orkest. Yn it orkest learde ik Andrea kennen. Sy waard myn húsgenoat en letter myn frou. Yntusken ha wy twa bern. De jongste is dizze simmer berne. En ja, ast dan de leafde, in gesin en dyn freonen fûn hast, dan bliuwst hingjen. En dat wylst ik altyd tocht hie dat ik wer werom soe nei Fryslân. Om’t myn frou en ik beide út in doarp komme, woene we wol graach yn in lytser plak wenje as Utert. Dêrom binne wy yn 2014 ferhuze nei Houten. Foar Fryske begripen trouwens mear in stêd as in doarp, mar it fielt doarpsk oan. Wy wenje flak by it stasjon en binne mei de trein binnen tsien minuten yn Utert. Ik wurkje by de Universiteit Utrecht, wat op fytsôfstân is fan ús hûs, ideaal. 

Hokker talen prate jimme thús? 

Mei myn frou praat ik Nederlânsk, mar mei ús twa soannen praat ik Frysk. It Frysk is myn hertetaal, dus ik kin eins ek net oars. Mar ik fyn it ek wichtich dat sy dy taal ferstean en hooplik ek sprekke kinne. Ik fyn it moai om te sjen dat ús âldste soan alles sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk ferstiet. Us heit en mem komme ienris yn ‘e twa wiken in dei oppassen en prate ek Frysk mei de bern. Moai dat se dat meikrije. Myn frou ferstiet it goed en hat my op ús brulloft sels yn it Frysk tasongen! (ta ferbazing fan myn famylje!) 

Hoe belangryk is Fryslân en/of de Fryske taal foar dy? 

Alle kearen as wy op besite gean by famylje yn Fryslân en we ride Fryslân binnen, dan genietsje ik fan de widens fan it lân. Dat mis ik hjir wolris. Mar yntusken is dit ek myn thús. It is foaral de emosjonele bân mei ferskate plakken dy’t ik fiel. De taal is belangryk foar my. Mear as ik miskien tocht hie. Doe’t ik nei Utert ferhuze, skamme ik my wolris foar myn aksint. Mar do learst dy oan te passen en nei in pear jier hearde net ien mear dat ik út Fryslân kaam. Yntusken bin ik just grutsk op myn roots en op dat ik Frysk prate kin en fyn ik it moai om dat trochjaan te kinnen oan ús bern. Ik kom hjir geregeld minsken tsjin dy’t ek Frysk binne. Lêsten noch by de toskedokter. Wy skeakelen ûnder de kontrôle fuort oer op it Frysk. 

Ut: heit&mem nr. 2 2021