Zoek op inhoud

Alle jûnen foar it sliepen gean krijt Matheo út Bodø (Noarwegen) in Frysktalich ferhaaltsje foarlêzen troch syn mem. Ut syn grutte boekekast mei er sels in boekje útkieze. Dêrnei krijt er noch in Deensk ferhaaltsje fan syn ‘far’ (Deensk foar heit). At Matheo de eagen dan noch net ticht hat, krijt er soms ek noch wol in Noarsk ferhaaltsje.Matheo is sljocht op boeken. At syn pake en beppe of oare famylje út Fryslân yn Noarwegen delkomme, nimme se altyd Fryske boekjes foar him mei. En syn famylje út Denemarken jout Deenske boekjes kado. Yn it wykein mei Matheo nei de bibleteek om Noarske boekjes út te sykjen. Sa kin er yn alle talen dy’t er praat ek boekjes foarlêzen krije.

Stack of books on a wooden library shelf, one of them open on top, multicolored book spines background.

Trije talen

De trije talen fleane oer tafel by de famylje Andersen-Sijtsma. Femmigje, hikke en tein yn Hallum, fertelt dat it foar har de gewoanste saak fan de wrâld is om ferskate talen te brûken. ‘Myn Deenske man en ik hawwe inoar yn ús studintetiid kennen leard yn Noarwegen. Wy hawwe ek noch in skoft tegearre yn Nederlân wenne. Doe’t wy Matheo yn 2011 krigen, woenen wy beide ús gefoelstaal, ús memmetaal, tsjin him prate. Dat wie gjin probleem, want ik ferstean ek Deensk en myn man it Frysk. Gjinien hoecht him dus bûtensletten te fielen.’

Doe’t wy Matheo yn 2011 krigen, woenen wy beide ús gefoelstaal, ús memmetaal, tsjin him prate

Matheo praat Frysk tsjin syn mem en Deensk tsjin syn ‘far’. Op skoalle praat er Noarsk mei juf en de oare bern.  ‘In bern kin maklik meardere talen leare, ast as âlder mar konsekwint dyn eigen taal praatst en it bern struktuer joust’, leit Femmigje út. Dochs moatte je ek wolris fleksibel wêze. ‘Op skoalle praat ik inkeld wolris Noarsk tsjin Matheo, oars ferstean de oare bern it net.’ Matheo waard dêr yn it begjin wolris lilk om, want dy taal hearde net by syn mem. ‘Dan lis ik út dat ik dat doch om’t de oare bern it oars net begripe.’

Fuortendaliks begjinne

Femmigje riedt âlders dy’t har bern twa of mear talen meijaan wolle, oan om dêr fuortendaliks mei te begjinnen. ‘Net tinke, dat dogge we letter wol as it bern sels begjint te praten, want in bern ûnthâldt fuort al in soad fan de taal dy’tst tsjin him praatst.’ En do moatst ek konsekwint wêze. ‘In freondinne fan my praat sawol Ingelsk as Noarsk tsjin de bern. Dy bern prate dêrtroch gjin Ingelsk tsjin har, ek al ferstean se it wol.’

Femmigje riedt âlders dy’t har bern twa of mear talen meijaan wolle, oan om dêr fuortendaliks mei te begjinnen

As Matheo thús mei de lego boartet, dan praat er Noarsk. ‘Dat komt grif om’t it Noarsk syn boarterstaal op skoalle is. Mar myn suskes en ik boarten eartiids ek wol yn it Nederlânsk, ek al praten we thús Frysk.’

Likefolle omtinken

Neffens Femmigje is it belangryk om alle talen likefolle omtinken te jaan. ‘Matheo sjocht Noarske tillefyzje, mar op ynternet sykje wy ek Deenske en Fryske programma’s foar him. Sa hoopje wy dat er boartsjendewei fan alle talen nije wurden leart. As Matheo nije wurden leart yn it Frysk, dan freegje ik him oft hy ek wit hoe’t er dat yn de oare taal seit. As er dat net wit, dan fertel ik it him.’ Sa kin Matheo op skoalle yn it Noarsk fertelle wat er yn it wykein belibbe hat.

As Matheo nije wurden leart yn it Frysk, dan freegje ik him oft hy ek wit hoe’t er dat yn de oare taal seit

Dochs hellet Matheo de talen ek wolris trochinoar. ‘Hy past dan bygelyks de regels fan it Deensk ta op it Frysk. Ik fertel him dan datst it yn mem har taal oars seist. Of ik herhelje it yn it Frysk, sûnder der al te folle oandacht oan te jaan. Dan pikt er it ek wol op.’

Afrikaansk

Matheo is berne yn Súd-Afrika en dêr prate de minsken wer oare talen. ‘Afrikaansk kinne wy him net leare, mar we brûke wolris lytse wurdsjes lykas “bedankt” of “skatsje” yn it Afrikaansk. Mar dêr bliuwt it dan ek by.’ Al dy talen leverje ek wolris grappige situaasjes op, fertelt Femmigje laitsjend. ‘Ik haw yn Noarwegen ris de fraach krigen oft ik in Afrikaanske stammetaal tsjin Matheo prate, om’t se de taal net koenen.’

Ik haw yn Noarwegen ris de fraach krigen oft ik in Afrikaanske stammetaal tsjin Matheo prate, om’t se de taal net koenen

Minsken freegje ek wolris wêrom’t Matheo gjin Nederlânsk praat. ‘Sy miene dan dat hy folle mear oan it Nederlânsk hawwe sil as oan it Frysk. Mar de kâns dat wy nei Nederlân ferhúzje is lyts. Dêrom praat ik de taal fan myn gefoel en dat is it Frysk. It soe boppedat ek nuver wêze om mei myn hiele famylje Frysk te praten en dat Matheo it dan net ferstiet.’

Kreativiteit

Wat Femmigje ek belangryk fynt is dat meartaligens in bern kreativiteit jout. ‘It is prachtich om te sjen hoe soepel at Matheo skeakelet fan it Noarsk nei it Deensk of it Frysk. Ik bin der fan oertsjûge dat hy yn de takomst dêrtroch maklik nije talen leart.’

Troch: Froukje Sijtsma
Ut: heit&mem nr. 2 2015