Zoek op inhoud

Fjouwer generaasjes sterke frouwen

‘We binne allegearre sterke frouwen’, seit Hermie yn de wenkeamer yn Bûtenpost. ‘We binne hiel selsstannich en, op Christine nei, ek allegearre allinne.’



Lidia Luisman-van der Veen (99)
Hermie Luisman (73)
Lidy de Wilde (51)
Christine Visser-Reitsma (23)
Zoë-Lynn Visser (10 moanne)

Christine follet oan: ‘Myn freon is seeman en is allinne yn it wykein thús, da’s fêst gjin tafal.’ ‘Sauze en klusse, dêr draaie wy ús hân net foar om,’ follet Lidy oan, ‘dat sit yn ús dna en fansels helpe wy inoar as dat nedich is.’ Dizze fiif dames sjogge inoar regelmjittich en witte net wat se sûnder inoar moatte soene. As se by oma Lidia binne, prate se meast Nederlânsk en Tukkers mei-inoar, want oma Lidia komt út Enschede. Sy is in belangrike skeakel yn dit selskip fan sterke froulju. ‘Het is zo belangrijk om goed te kunnen luisteren’, seit se wiis. ‘En het is allemaal heel gezellig met elkaar. Er is nooit ruzie.’ Underwilens ‘hartendartelt’ se mei lytse Zoë-Lynn, dy’t har oeroerbeppe taswaait.


Lidy: ‘Wy komme yn elk gefal alle tiisdeis byinoar by oma Lidia. Dan dogge wy de boadskippen foar har en dan prate wy oma by mei alles wat wy belibbe hawwe. Faak gean wy earst even nei de Action en dan keapje wy wat te knutseljen foar har, diamond painting, skilderje-op-nûmer ofsa.’ ‘We doen allemaal graag iets met de handen, handwerken of knutselen,’ seit oma Lidia, ‘kopje koffie erbij, of soms een glaasje wijn tegen de koude voeten’, laket se. ‘We dele alles mei-inoar. Ik kin my net yntinke hoe’t dat oars wêze kinne soe’, follet Christine oan. ‘We besykje sûnder foaroardiel te libjen, mei respekt en mei leafde foar de oar,’ seit Hermie, ‘dat ha ik yn de opfieding besocht troch te jaan.’ Lidy hat dat op har beurt wer trochjûn oan dochter Christine. Lidy is der o sa wiis mei dat sy har mem, beppe en dochter ek ta har bêste freondinnen rekkenje mei. ‘It luchtet somtiden echt op as ik eefkes myn ferhaal kwyt kin. As de dei dreech is, is dit it ljochtpuntsje. En de komst fan Zoë-Lynn is dat al hielendal. Sy is in libbensrêder, in treastblok foar ús. Echt in feestje!’ De oaren knikke befêstigjend, as teken dat sy dat ek sa belibje. ‘En ik hoopje dat ek wer troch te jaan oan Zoë-Lynn’, seit Christine, dy’t har famke op de achtste dei al by oma Lidia yn de earmen lei. ‘Ik wol graach krekt sa’n bân mei Zoë-Lynn opbouwe as ik mei myn mem, beppe en oerbeppe ha.’

Tekst: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek fotografie



Beppe, fertel!

Watfoar boartersguod hie beppe?
Wa wie beppe har grutte leafde en wat makket beppe gelokkich?
In boekje fol fragen foar beppe en in moai oantinken foar de beppesizzers.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #3

Yn dit nûmer giet it oer fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie boeketips, in artikel oer angst foar de befalling, Willeke Dikland oer hoe’t it is om al betiid yn de oergong te sitten en in artikel oer bern dy’t net goed sliepe kinne.

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine