
Trendsetter
Omdat ik wat lêst fan ’e knibbel hie, waard my advisearre om it skuonmerk Skechers te probearjen. Se ha in sêft fuotbêd en se rinne hearlik. Dêrby binne se yn moaie kleuren beskikber.
Omdat ik wol fan de felle kleuren bin, begûn ik mei in pear ljochtgiele Skechers.
Earst wiene alle felle kleuren allinnich yn frouljus- of bernematen te krijen, mar stadichoan kamen der mear kleuren op ’e merk foar manlju, en sa kocht ik ek in read pear. Mar net foar elke omstannichheid is dat geskikt, dus ek mar in swart pear.
Skechers wit my blykbar goed te ferlieden, want eins is it dêrnei út ’e hân rûn. Trije pear is fansels mear as genôch! Mei myn dochters Alant en Mered rûn ik troch de stêd en yn in winkelfitrine stie in knalblau pear. ‘Dat is krekt wat foar heit!’ rôpen se, en dat pear koe der ek noch wol by. Op skoalle krij ik in soad reaksjes: ‘Wow, moaie kleur, meester’ en ‘Docht meester moarn wer dy oare skuon oan?’ Op myn jierdei ûntfong ik noch in limegiel pear, dat by guon minsken sear oan ’e eagen docht, sa fel.
Nick kaam op my ôf en sei: ‘As meester safolle skuon hat, dan kinsto ek wol ferskillende kleuren skuon oandwaan.’ In bytsje apart, wat oars as oars, mar dêr hâld ik wol fan. En sa rin ik somtiden mei in reade en in blauwe skoech of in swarte mei in giele, wat mar passend is.
Dat wie efkes wennen foar guon bern, mar ek foar myn omjouwing. Dit kin toch net! Doch normaal! ‘Wêrom hat meester twa ferskillende skuon oan?’ sei Anna.
Hiel flau sei ik: ‘Wêrom hasto twa fan deselde skuon oan?’ ‘No, dat heart sa.’ ‘Mar wa seit dat?’ Dêr moest oer neitocht wurde. En dat neitinken skynt just goed te wêzen foar de harsens, want dan wurde der nije ferbiningen makke en kinne jo better omgean mei feroaringen.
De oare deis kaam Anna wer by my, om te sizzen dat se ek wol ferskillende skuon oandwaan woe, mar it mocht net fan har mem.
Begryplik, mar wat opfalt is dat der mear en mear bern by my komme: ‘Meester! Sjoch, ik ha se ek!’ ‘Meester is in trendsetter!’
Dat lêste wit ik net; fuotballers dogge dit al langer, mar troch my en ús skoalbern bliuwt harren omset tanimmen, dus ik wachtsje rêstich ôf wannear’t Skechers my benadert foar in reklame-oanbod…

Johannes Haanstra is dosint en teamlieder spesjaal ûnderwiis, fierljepkommentator en heit fan Brend (12), Alant (10) en Mered (8).

Niet leuk
Tommy wil eigenlijk niet verder komen als ik hem roep. Hij hangt over de stoel in de wachtkamer en moeder moet hem aansporen. Ik snap het wel. Jaren geleden kwam hij elke week voor bloedonderzoek en een infuus met medicijnen. Dat was niet leuk. Hij had leukemie.

Zomervakantie, leuk! Toch?
85% van de Nederlanders gaat op zomervakantie en 75% van hen gaat naar het buitenland. Nederland heeft veel te bieden, maar we blijken een reislustig volkje. Zo ook wij! Dit keer was Kroatië de eindbestemming.

Dichtbij
Als draagconsulent adviseer ik ouders over het veilig en ergonomisch dragen van hun kindjes, maar een ander onderdeel van mijn werk is het doorbreken van hardnekkige mythes in onze maatschappij als het gaat over de ontwikkeling van kleine kinderen. Eén daarvan heeft betrekking op het slapen: ‘Als je een baby te veel nabij houdt en laat slapen in een draagdoek of draagzak, verwen je een baby en leert je baby niet alleen te slapen.’ Ik verkeer niet in de illusie dat ik je in deze korte column tot in de diepte kan uitleggen waarom ik deze mythe de wereld uit wens, maar ik plant graag een zaadje en nodig je uit tot verdere verdieping.