Lang ferlyn wienen it de buorlju dy’t de kreamfrou traktearden op in boffert. In boffert mei dêr boppe-op in lyts boffertsje kriich de kreamfrou as der in soan berne wie (dat wie boffen!), en ien sûnder lyts boffertsje as it in dochter wurden wie. Letter waard dat in krinteboffert foar de jonges en in sûkerboffert foar de famkes. Hjir it resept, sa kinsto de fisite trakteare… mar kinst ‘m ek wol faker meitsje. Ien stikje smakket nei mear!
Resept
500 gram blom, 1½ dl molke, 75 gram bûter, 2 aaien, 25 gram gest, 1 ytleppel kaniel, 100 gram sûkerklontsjes, 1 teeleppel sâlt, 50 gram sûker en in tulbânfoarm.
(Set de oven mar fêst oan op 225°C)
De blom yn in kûm seevje mei wat sâlt, it kaniel en de gest
(gest earst eefkes yn wat lij wetter oplosse).
De raande bûter earst in bytsje ôfkuolje litte, en dan mei beide hannen troch de aaien knipe.
It daai ôfdekke mei in wiete doek, en de kûm 45 minuten op in waarm plakje fuortsette.
De sûkerklontsjes brekke en troch it daai avesearje.
Fetsje no de tulbânfoarm fêst mar yn en bestrui ’m mei sûker.
Rôlje it daai op, lis it yn de foarm en bestrui de boppekant nochris mei sûker.
Lit de foarm noch 15 minuten neirize.
Sko de boffert yn de oven en bak ’m yn 30 minuten gear.
De boffert út de foarm skodzje op in roaster en ôfkuolje litte.
Snij de boffert yn royale stikken en besmar dy tsjok mei bûter.
Alders krije nij Taalkado by oanjefte fan in berte
Dizze wike is it nije Taalkado ferskynd, dat útdield wurdt oan âlders dy’t yn in dielnimmende gemeente oanjefte dogge fan de berte fan harren poppe. Sûnt 2008 jout de provinsje Fryslân it bertegeskink al út. It Taalkado sit fol aardige en edukative produkten, dy’t âlden en jonge bern op boartlike wize yn oanrekking bringe mei de Fryske taal en meartalich opfieden. It projekt wurdt yn 2025 en 2026 op ’e nij útfierd troch de Afûk.
Posters met Friese teksten
Heit & mem hat nije posters foar op de bernekeamer yn it assortimint. It formaat is A4. Bestel hjir online of keapje de posters yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk. Hokker is dyn favoryt?