Heit & mem hat nije posters foar op de bernekeamer yn it assortimint. It formaat is A4. Bestel hjir online of keapje de posters yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk. Hokker is dyn favoryt?
Dizze posters binne fan stevich karton, dus binne se ek as grutte kaart te brûken. Se binne allegear mar € 2,50 it stik.

Ik sil sliepe leave hear
In leaf ferske foar it sliepen gean. Moai om op de bernekeamer op te hingjen.

In bytsje langer
Poster mei gedicht van Dieuwke van der Meer
fan @dieuwkedicht

Heit
Foar elk dy’t syn / har heit misse moat…
Poster mei gedicht van Dieuwke van der Meer
fan @dieuwkedicht

De bernekeamer fan Mila
Mila Chandra (7) is de dochter fan Dita en Marco út De Knipe. Mem is sljocht op ynterieurstyling, mar Mila hat yntusken har eigen miening wat de ynrjochting fan har keammerke oanbelanget.

De bernekeamer fan Noor
Miriam van der Velde-Hoekstra is gjin ûnbekende fan de heit&mem-redaksje. Doe’t har soan Mads noch in lytse poppe wie, stie syn keammerke yn de Lytse heit&mem. No hat syn suske Noor fan 3 har yntrek dien yn dit moaie keammerke. Mar der is fansels wol hiel wat feroare. Miriam is aktyf op Instagram, dêr’t se geregeld moaie foto’s fan har ynterieur dielt. Op in dei waard se benadere troch ‘Binnenzoet’ en mocht se in moai behankje útsykje. En dêr hat se doe de rest fan de oanklaaiïng fan Noor har keammerke by socht.