Eartiids wie it hiel gewoan om by de berte fan in poppe in sulveren berteleppel te jaan.
De poppe kriich de berteleppel mei ynskripsje meastal fan de pake of beppe dy’t ferneamd wie.
De ynskripsje bestie meastal út de namme, bertedatum en –plak fan de poppe. Mei it jaan fan de berteleppel waard faak gelok, sûnens en rykdom tawinske. De leppel wie ek in soarte fan belizzing, in fersekering foar minne tiden, om’t sulver kostber wie. En tagelyk waard ek in stikje famyljeskiednis fêstlein.