Te betiid berne
‘It is myn dream om aanst foar berntsjes lykas iksels wie te soargjen’
Marit is in fleurich famke fan 20 jier út Droegeham. Se studearret en hat in leuk libben. Yn it foarbygean sjochst net oan har dat se in drege start hân hat. Marit waard nammentlik te betiid berne, fierstente betiid eins. En ja, dêr binne bliuwende gefolgen fan kaam. Mar begrutlik wol se der seker net om fûn wurde. ‘Myn boadskip is just dat it echt goed komme kin ast te betiid berne bist, of ast krekt lykas ús mem te betiid befalst fan in berntsje.’
Marit har mem gie nei 23 wiken swangerskip nei de dokter mei pinebúk. Doe’t dy har urine seach, krige se fuortendaliks in trochferwizing nei it sikehûs yn Drachten. Dêr folge in bloedûndersyk. ‘De útslach wie der yn no time. Ik moast fuort lizzen gean en waard as in earnstich sike pasjint behannele. Der waard my sein dat de poppe it net rêde soe.’ Amper in pear oeren nei’t se mei pinebúk by de dokter siet, krige se de opsje om de swangerskip ôf te brekken. ‘En as ik al trochsette woe, dan wienen de gefolgen grut, seinen de doktoaren: “Geen goede kansen, mogelijk ernstig gehandicapt”. Dochs ha ik wegere de swangerskip ôf te brekken. As it misgean moast, dan wie dat sa, mar ik woe it net sels beëinigje. Ik ha fan dat momint ôf altyd it gefoel hân fan: it komt goed.”
‘We ha it helle’
Marit har mem waard oerbrocht nei Grins, dêr’t se fierder behannele waard foar it HELLP-syndroom dat konstatearre wie. It waarden lange wiken. Mem hie it swier en Marit rûn achter yn de groei. De dokters seinen dat se dêrom pas wat foar de poppe dwaan koenen by 27 wiken, net in dei earder. Mem: ‘Yn de nacht fan 18 op 19 oktober wist ik: we ha it helle.’ Marit moat dat oanfield ha, want dyselde deis betocht se dat it har tiid wie om derút. Sa waard Marit mei 27 wiken berne, wylst se kwa groei net fierder wie as in poppe fan 24 wiken, en net mear as 680 gram woech. Pas nei trije wiken mochten heit en mem har fêsthâlde. Presys trije moanne nei de berte, op de útrekkene datum, mocht Marit mei nei hûs.
‘Ik wol myn ferhaal útdrage én ik wol der myn wurk fan meitsje’
Bliuwende gefolgen
Fanôf it momint dat Marit thúskaam út it sikehûs, wie se gjin pasjint mear. Har heit en mem hawwe har sa gewoan mooglik grutbrocht, ek al die se alles yn wat in oar tempo as oare bern. Wol wie se de earste fjouwer jier fan har libben faak siik en hat se medikaasje hân foar har longklepke en nieren. Pas op har fyftjinde kaam der in grut gefolch fan har ierberte (vroeggeboorte) oan it ljocht. Har gehoar waard minder en sûnt dy tiid hat se oan beide earen in gehoarapparaatsje. ‘Dat hat ek it momint west dat ik mear begûn te beseffen dat ik te betiid berne bin.’ Se liet har troch har mem en beppes fertelle hoe’t it allegear gien is froeger. ‘Dat makke yndruk op my, hoe’t se dat fertelden en de foto’s en deiboeken dy’t we doe besjoen ha. It is ek sa gek dat it oer dysels giet, mar datst it sels net bewust meimakke hast.’ Nei’t se ferline jier in rûnlieding krige op de ôfdieling neonatology dêr’t se sa lang lein hie as poppe, wie se der wis fan. ‘Dat hat in hiel grutte impact hân. It hat derfoar soarge dat ik myn ferhaal mear útdrage wol én der ek myn wurk fan meitsje wol.’
Marit har dream
Marit is neffens harsels it libbene bewiis dat alles hiel goed ôfrinne kin nei in betide en drege start. Se kin net wachtsje oant se dat fertrouwen en dy moed ek trochjaan kin oan âlders dy’t mei in drege swangerskip te krijen hawwe. ‘Ik ha ôfgryslik hurd myn bêst dien foar it VMBO-T en bin aanst yn july klear mei de MBO-oplieding ferpleechkundige. Ik wol noch fierder leare foar de ôfdieling berneferpleechkunde of neonatology. It soe echt in dream wêze dy’t útkomt om aanst foar berntsjes te soargjen dy’t krekt sa as ik begûn binne. Sels yn it grutste rampsenario kin it goedkomme.’
Skriuwer: Thea van der Schaaf
Foto: Janna van der Meer