Zoek op inhoud

Thijs hat al fan jongs ôf oan lêst fan ekseem

Thijs Hoekstra (7)
♥skoalle: groep 4 fan De Tarissing yn Droegeham
♥dream: krekt sa let as heit opbliuwe
♥lêst lêzen: puzzelboekje út ’e supermerk
♥boek: Donald Duck
  ♥film: Vogelvlucht  


Thijs hat al fan jongs ôf oan lêst fan ekseem, mar fynt dat al hiel gewoan. Thijs boartet graach mei syn autokes yn ’e wenkeamer, of mei de racebanen op souder.

Thijs hellet syn skouders op as it oer syn ekseem giet. ‘Lêst?’ freget er en sjocht syn mem oan. ‘We witte net better’, follet mem Jolanda oan. ‘Jûns foardat Thijs op bêd giet, smarre we salve op de reade plakken en moarns fan ’t bêd ôf nochris.’ ‘Ik ha in spesjale wite pyama’, follet Thijs oan. ‘Dy sit hiel strak om my hinne, sadat ik der net by kin, want nachts ûnder de tekkens begjint it te jokjen en wol ik deroan klauwe, mar oerdei tink ik der net oan.

Oerdei gean ik nei skoalle. Yn ’e klasse prate wy no oer it tema “gek”. Dat fyn ik leuk. We hawwe ek de film “Het leven van een loser” sjoen.’ In grappige film oer Bram Botermans dy’t as antyheld troch it libben stroffelet.

Nei skoaltiid en swimles is der tiid om te boartsjen. Thijs: ‘Soms gean ik mei ien mei nei hûs ta. Dan dogge we in spultsje, of gean wy op de Wii.’ Mem Jolanda follet oan dat sy it digitaal-boartsjen op de Wii, tablet of Playstation net oanmoediget.

‘Yn it wykein mei it, mar fierder besykje wy de bern te stimulearjen sels wat te betinken.’ Thijs knikt befêstigjend: ‘Ik boartsje graach mei autokes. Ik ha der wol mear as 200. Cars (fan Disney) is myn favoryt.’ Dêrnei hâldt er in lyts read autoke omheech. ‘Dit is myn moaiste. Hy hat in boost en kin it hurdste fan alle autokes. Ek sûnder boost is dit autoke de aldersnelste. As ik jierdei bin, of mei in moai rapport of swimdiploma, dan krij ik faak wat jild. Dat sparje ik op foar wer in nij autoke.’

Tekst: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie


Fryske kaarten

Heit&Mem hat in grut assortimint oant Fryske kaarten, lykas dizze kaart foar de swimdiploma!

wout

Wout (10) wol graach skriuwer wurde

Wout de Groot (10) 
♥skoalle: groep 6 fan Mienskipsskoalle De Legeaën 
♥dream: skriuwer wurde 
♥lêst lêzen: in kaartsje fan juf   
♥boek: Dolfje Weerwolfje
♥tv: Disney Channel tekenfilms  

Benthe is sljocht op wetterpolo

Benthe Groendijk (13)
♥1e klas fan it Chr. Gymnasium Beyers Naudé
♥dream: kampioen wetterpoloster
♥lêst lêzen: what’s app 
♥boek: 28 dagen, David Safier
♥film: the Hunger Games 

Ynke Lotte maakt anderen blij met haar knutselwerkjes

Meteen bij binnenkomst van de motorzaak Bernard Motoren en Banden in Dokkum valt het op. Naast de toonbank staat een grote paarse kast met allemaal vrolijk gekleurde spullen erin. ‘Dit is myn ferkeapkast. Of eins hjit it Ynke Lotte’s Boutique, mar ik moat noch even in nij buordsje meitsje’, vertelt de 10-jarige Ynke Lotte Postma.

Robin syn kreamke is populair by toeristen

Robin Haakma (7) was nog maar vier jaar toen hij zijn eigen volkstuin begon. Hij helpt mee vanaf het zaaien tot en met het plukken. De aardbeien, boontjes en bloemen verkoopt hij vervolgens in het kraampje voor het huis in Burdaard waar hij met heit Sietse, mem Wilma en broertje Hidde (4) woont.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine
cover