Zoek op inhoud
Resinsje Pippi Langkous troch Annika
Op in dei kaam der in famke te wenjen yn it ferlitten hûs neist Tommy en Annika: Pippi Langkous hjitte se. Se hie gjin mem mear en har heit wie seekapitein, mar dy hie in ûngelok hân. Doe hie se besletten om yn it hûs te wenjen dat har heit jierren lyn kocht hie: Filla Keakelbûnt.
Emoasje en humor yn 'Sipke syn Alvestêdetocht' (troch Reina Smeink-Kroodsma)
Sipke syn Alvestêdetocht is de earste yn ‘e rige fan twatalige Gouden Boekjes fan Lida Dijkstra. Op rym en mei prachtige yllustraasjes fan Harmen van Straaten.
Resinsje fan Sieta: 'Alle dagen Frysk-kalinder'
Jitris, spûketaast, wynsel en bekling. Samar in pear wurden dy’tst tsjinkomme kinst op de “Alle dagen Frysk - ‘Do it yourself’ kalinder” fan Birte Buwalda, dy’t ein 2018 ferskynd is by de Afûk. Sa is it hjoed, 26 jannewaris, it wurd ‘skjintme’ (schoonheid – beauty), in wurd dat ik sels wol ken, mar lang net altyd brûk.
De resinsje fan Liesbeth: Pippi Langkous
Pippi Langkous yn it Frysk, dat liket ús aardich. Us Fenna (fan 10 jier) is hielendal entûsjast as ik freegje oft se dit boek ek mei my lêze wol. De earste dagen lêze we it boek tegearre, mar al gau docht bliken dat Fenna sels (stikem) oan it lêzen is en al fierder yn it boek is as wêr’t we de foarige deis bleaun wiene...
Lêze mei bern: begjin op ’e tiid
Kinst net betiid genôch begjinne mei it foarlêzen oan bern. De grutte fraach is: hokker boek past by dyn bern? Dat witte âlders faak sels it bêste, seit Boekstartcoach Miny Verheij fan de Bibliotheken Noord Fryslân. ‘Ik probeer dan ook zo goed mogelijk naar ouders te luisteren en geef met die informatie graag voorleestips.’
Boekresinsje fan Annika: ‘Dingeman krijt wjukken’
It ferhaal giet oer Dingeman, in jonge dy’t tegearre mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd wennet. Syn mem hat allinne oandacht foar har rike freonen en regelet allegearre ferfelende oppassen foar Dingeman. Op in dei kriget Dingeman in spannende útnûging foar in boerefakânsjekamp mei oppaspaken en foarlêsbeppen. Dat liket Dingeman wol wat! Hy hellet syn mem oer om him dêr in wike hinne gean te litten.
De boekresinsje fan Reina: "Dingeman krijt wjukken"
It sil dy mar oerkomme datsto fan it saaiste hûs yn ’e stêd telâne komst op de geweldichste buorkerij dy’tst dy mar betinke kinst. Dat bart mei Dingeman yn it boek ‘Dingeman krijt Wjukken’ fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra.
De recensie van Dorien: 'Tomke nei de bosk'
Dit keer mogen wij een recensie schrijven over het boek ‘ Tomke nei de bosk’. Een van de vier boeken over de vier seizoenen. Geschreven door Geartsje Douma en geïllustreerd door Luuk Klazenga. Meike (4) en Hanna (2) zijn super enthousiast als ze het pakketje uit de brievenbus wordt gehaald. Als ze zien welke boek erin zit, springt Hanna een gat in de lucht. ‘ Tomke, Tomke, Tomke’, roept Hanna blij! De dames kunnen niet wachten om het boek te lezen.