Zoek op inhoud

Emoasje en humor yn ‘Sipke syn Alvestêdetocht’ (troch Reina Smeink-Kroodsma)

Sipke syn Alvestêdetocht is de earste yn ‘e rige fan twatalige Gouden Boekjes fan Lida Dijkstra. Op rym en mei prachtige yllustraasjes fan Harmen van Straaten. 

Dit earste boekje giet oer it Alvestêde-aventoer fan moedige Pake Pipermûs. Mei syn tas op ‘e rêch bynt hy ûnder yn ‘e Swettehaven. Underweis komt hy ferskate oare bisten tsjin dy’t lykas him ek de Alvestêdetocht ride wolle en mei mear wol dat altyd better. Tusken Hylpen en Warkum kriget pake sin yn wat. Mei it drinken en in nút rûgelet der in lyts mûske út ‘e tas fan pake. Dat mûske is Sipke. Hy wol graach Fryslân sjen. Pake Pipermûs is der earst fan oars fan, mar dat is gau oer en tegearre geane se fierder. Oft se it helje? Dat is de fraach fansels want de Alvestêdetocht útride is net samar klear!

Jesler (10) en Nine (7) hawwe beide it boekje lêzen en dit is wat sy der fan fine:


‘Wij vinden het een leuk boek omdat we nu meer weten over de Elfstedentocht en ook nog Fries hebben geleerd. Dat is best moeilijk, maar het is wel gelukt! Het boek is heel grappig en met mooie tekeningen. Nine: ‘Het mooiste stukje uit het boek vind ik dat Sipke heel hard gaat oefenen om de Elfstedentocht te winnen. Ik wil ook graag de Elfstedentocht schaatsen.’ ‘We vonden het ook leuk dat we over een boekje van Lida Dijkstra mochten vertellen want die is bij ons op school geweest. Dat was heel leuk.’

Gouden Boekjes hawwe wat spesjaals. Wat ik sa aardich fûn oan dit boekje, is dat ik Jesler en Nine meinimme koe nei de tiid dat ik sels bern wie en de Alvestêdetocht efterhûs delkaam. Ik koe se op dizze manier fertelle hoe moai en bysûnder oft dat wie. Se krigen der suver al sin yn en ik ek, wa wit!

Sipke syn Alvestêdetocht is in prachtich boekje, grut yn it lytse moaie. Lida wit altyd sa knap emoasjes mei humor te kombinearjen sadat je oan it ein fan it ferhaal in goed gefoel oerhâlde. Dat kin net elkenien. Heart thús yn elke (berne)boekekast!

Reina Smeink-Kroodsma út Nij Beets

-> Reina is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Sipke syn Alvestêdetocht

Pake Pipermûs docht mei oan de Alvestêdetocht, dat fynt er it moaiste wat der is. Wat er net wit is dat Sipke, syn pakesizzer, stikem yn syn tas krûpt is, want Sipke woe ek sa graach meiride en Fryslân sjen.

Boekresinsje fan Tineke: ‘Kinst net sliepe, Lytse Bear?’

Koartlyn ha ik mei beppesizzer Björn it beareprinteboek besjoen, supergesellich! Hy is gek op boeken. It boek giet oer Grutte Bear en Lytse Bear.

Printables: Tema winter

Lêstip fan Keimpe: Winterboek

Fryske krystgedichten en -ferskes

Natuurlijk zijn er ook veel mooie Friese kerstliedjes en -gedichtjes. Wij hebben een aantal voor jullie verzameld. Aanvullingen zijn welkom! Mail naar ynfo@heitenmem.nl