Zoek op inhoud

De boekresinsje fan Reina: “Dingeman krijt wjukken”

It sil dy mar oerkomme datsto fan it saaiste hûs yn ’e stêd telâne komst op de geweldichste buorkerij dy’tst dy mar betinke kinst. Dat bart mei Dingeman yn it boek ‘Dingeman krijt Wjukken’ fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra. 

Op dy buorkerij is neat wat Dingeman fan tefoaren betocht hie fanôf it momint dat er in geheimsinnige brief kriget fan ‘e SLVVS, Stichting Landelijke Vakantie Voor Stadskinderen, mei de útnûging foar in wike útfanhúzjen op in ‘breek-en-bouw-boerderij’. 

Ienkear teplak wit Dingeman hast net wêr’t er earst of lêst sjen moat. Syn eagen sjogge in hiem mei in grutte samling fan bisten, gebouwen en oare dingen dy’t Dingeman thús sels net hat. Op de buorkerij sels wennet Joazef, in wat geheimsinnige man, tegearre mei Roosje Hoppe, of Roosje en Hoppe, dat is de fraach ;). Joazef blykt fan alles te wêzen, ûnder oaren keunstner, útfiner en djiptefreesdokter. As Dingeman fan ‘e earste skrik bekaam is en in stikje selsmakke bôle yn syn mage hat, bouwe hy en Joazef op de earste dei fan de fakânsje op gefoel en ferstân de Wjukkestoel, in stoel dêr’t se de geweldichste ferhalen yn betinke kinne. Dingeman ferfeelt him gjin momint. Se bouwe tegearre noch oare moaie útfiningen, hy oerwint syn djiptefrees, leart dat hy mei bisten prate kin en fynt in skat op souder. Stadichoan komt er hieltyd mear te witten oer Joazef én oer himsels. De wike fljocht foarby en Dingeman wit dat er hast wer werom nei hûs ta moat. It leafst soe hy op ’e buorkerij by Joazef bliuwe, dêr’t hy him wier thús fielt, yn plak fan werom te gean nei syn net al te aardige mem, yn it saaiste hûs fan ’e stêd. Mar oft dat bart?

In boek foar lytse en grutte minsken mei fantasy en boekehonger!

‘Dingeman krijt wjukken’ giet oer freonskip, dyn fantasy brûke en nijsgjirrich bliuwe. Oer leauwen yn dreamen, dyn wjukken útslaan en krekt salang trochfleane oantsto bist wêr’tst wêze wolst. ‘Elk moat op syn eigen plak gelokkich wurde’, skriuwt Eppie Dam. En dat binne wiere wurden. De skitterjende tekeningen fan de sammelboeken fan ‘Joazef’, fan ’e hân fan Gerrit Terpstra, foarmje yn kombinaasje mei de wurden fan Eppie Dam in boek fol aventoer, emoasjes en humor. Ferhalen mei tekeningen dêr’tsto nei sjen bliuwst en oan ’e ein ta spannend. Freonen Guust en Janny hawwe der sels in ‘echte’ wjukkestoel fan âlde meccano by makke. In boek foar lytse en grutte minsken mei fantasy en boekehonger!

Reina Kroodsma út út Nij Beets

-> Reina is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy’t tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…

‘Dingeman krijt wjukken’ is foar € 15,00 hjir online te bestellen.

Boekresinsje fan Annika: ‘Sipke op it keatsfjild’

Boekresinsje fan Tineke: ‘Kinst net sliepe, Lytse Bear?’

Koartlyn ha ik mei beppesizzer Björn it beareprinteboek besjoen, supergesellich! Hy is gek op boeken. It boek giet oer Grutte Bear en Lytse Bear.

Pykje fjouwer en it ferske ‘Simmermoarn’

Hoe moai is it om de bern yn de maitiid it ferske ‘Simmermoarn’ te learen? Sjoch hjir foar de tekst en muzyk.

Boekresinsje fan Antje: ‘Karlsson fan it dak’