Zoek op inhoud
Emoasje en humor yn 'Sipke syn Alvestêdetocht' (troch Reina Smeink-Kroodsma)
Sipke syn Alvestêdetocht is de earste yn ‘e rige fan twatalige Gouden Boekjes fan Lida Dijkstra. Op rym en mei prachtige yllustraasjes fan Harmen van Straaten.
In útwreide wurdskat troch it boekje Sipke syn Alvestêdetocht (troch Erika van Steensel)
It giet oan! Wy meie wer lêze! In aardige en gesellige aktiviteit no't we wer thús sitte. In pracht lyts boekje. Leave tekeninkjes mei sêfte kleuren, foaral it blau, wyt en read (de kleuren fan de Fryske flagge) komme hieltyd werom. Yn de haadrol ferskillende bisten, dat docht it hjir thús altyd goed. Foaryn in handich kaartsje fan Fryslân mei de rûte fan de tocht.
Jaloersk op de baby
Mem is swanger en krijt in dikke búk, pjutten fine dat faak megaynteressant. Mar as de lytse poppe der ienris is, kin dat feroarje. No moat de oandacht fan heit en mem ommers dield wurde mei dat lytse broerke of suske. En dat kin bêst lestich wêze. What to do as dyn bern jaloersk is?
De resinsje fan Liesbeth: Pippi Langkous
Pippi Langkous yn it Frysk, dat liket ús aardich. Us Fenna (fan 10 jier) is hielendal entûsjast as ik freegje oft se dit boek ek mei my lêze wol. De earste dagen lêze we it boek tegearre, mar al gau docht bliken dat Fenna sels (stikem) oan it lêzen is en al fierder yn it boek is as wêr’t we de foarige deis bleaun wiene...
De Tomke-massaazjekaartsjes: in moai momint om yn 'e rêst te kommen
De Tomke-massaazjekaartsjes brûke wy al in skoftke. Fanôf dat Rymer in jier as 3 wie, diene wy sa no en dan mei oan in oerke âlder/bern-yoga. Dat wie foar ús beiden hiel leuk. Rymer genoat altyd it meast fan ’e massaazje. Earst mem by Rymer op ’e rêch en dêrnei oarsom. Us yogajuf Christa makke dêrby ûnder oaren gebrûk fan de Tomke-massaazjekaartsjes.