Zoek op inhoud

It giet oan! Wy meie wer lêze! In aardige en gesellige aktiviteit no’t we wer thús sitte. In pracht lyts boekje. Leave tekeninkjes mei sêfte kleuren, foaral it blau, wyt en read (de kleuren fan de Fryske flagge) komme hieltyd werom. Yn de haadrol ferskillende bisten, dat docht it hjir thús altyd goed. Foaryn in handich kaartsje fan Fryslân mei de rûte fan de tocht.

It boekje giet oer de alve stêden. Opgroeid yn ien fan de alve jout it altyd wol in grutsk gefoel as it earne swart op wyt stiet. “De alve stêden” fan Fryslân. Dat stikje grutskens wol ik graach trochjaan oan ús bern. Krekt as pake Pipermûs in stik kultuer, sport en leafhawwerij oan syn pakesizzer trochjout.

En dan de Alvestêdetocht… wy binne dermei grutbrocht. Heit op ‘e redens, it alvestêdemonumint mei de tegeltsjes, de ferhalen en de krúskes.

Wat witte ús bern tsjintwurdich noch fan echte winters? Winterske winters mei reedride, ‘koek-en-zopie’ en de tocht der tochten? Mei in bytsje lok komt de slide dit jier noch fan ‘e fliering.

In moai (Alvestêde)bregje nei de wurdskat, want dy wurdt moai útwreide mei dit boekje. Wurden as redens, klune, stimpel, skuor, dweiltrochwiet, sâniis, blier, beferzen, pylken, dweilorkest, krúske en houtsjes krije troch dit ferhaal betsjutting.

Wat ek aardich is binne de twa talen. It ferhaal is skreaun yn it Hollânsk en yn it Frysk. Foar ús in útkomst wannear’t ús famke wer op opa of oma oan komt draven mei ien fan har favorite Fryske boeken. En opa of oma dan dapper begjint, mar it foar net ien eins in súkses is…

Hiel handich dat se by dit boek it Hollânske ferhaaltsjes lêze kinne.

Wat ek aardich betocht is, is de stimpelkaart dy’t by it boekje sit. Yn alle alve stêden fergees in iisko en in stimpel en by in folle kaart in lytse attinsje.

Wol spitich dat dy aksje yn 2018 ôfrûn is, de iisko’s binne fêst al raand.

It ferhaal giet oer Sipke dy’t stikem yn de tas fan pake Pipermûs krûpt is. Pake rydt de Alvestêdetocht. Underweis wurde wy meinaam op it aventoer by de ferskillenden stêden del en moetsje wy oare bisten dy’t de tocht ek ride. As pake stoppe om wat te iten rûgelet Sipke út de tas. De lytse boef mei dochs foar ien kear meiride… wannear’t de tocht dreech wurdt, moediget Sipke pake oan. Pake hellet de finish en kriget syn krúske, Sipke is tige grutsk! De dei dat pake it krúske kriget stiet Sipke op in poel, mei nagelnije houtsjes oan, te oefenjen achter in stoel. Oait wint er de Alvestêdetocht, it moaiste wat der is!

Groetnis, 
Erika en Saar (4 jier)

It boek ‘Sipke syn Alvestêdetocht’ is foar € 9,99 hjir online te bestellen.

-> Erika is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Fryske berneboeken op tema

Der wurde prachtige Fryske berneboeken útjûn. Wy ha alle boeken foar jimme op tema set, lykas de seizoenen, feestdagen mar ek tema’s as ferstopperke of kleur en foarm. Wy winskje jimme in protte foarlêswille ta!

Boekresinsje fan Annika: ‘Sipke op it keatsfjild’

De resinsje fan Wytske: ‘Sipke fynt in ljipaai’

Dyn berntsje it boarst jaan mei noait sear dwaan

Hast 70 prosint fan de memmen yn Nederlân jout de poppe nei de befalling it boarst, mar dat giet net altiten fansels. It berntsje hapt soms net goed of de mem hat pine troch it fieden. ‘Faak tinke minsken dat dy pine derby heart,’ fertelt laktaasjekundige Marije Bosma fan Borstvoedingscentrum Memmemolke, ‘mar dat is echt net sa.’