Zoek op inhoud

Hester: Sa lêze wy

Dit is it plakje dêr't wy in protte tiid trochbringe mei-inoar. Tegearre op de bank of yn 'e grutte stoel. It leafst wannear’t har grutte broers op skoalle binne.

Posters met Friese teksten

Heit & mem hat nije posters foar op de bernekeamer yn it assortimint. It formaat is A4. Bestel hjir online of keapje de posters yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk. Hokker is dyn favoryt?

It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek

Lústerje hjir nei de ferhalen út ‘It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek’. Dit prachtige nije foarlêsboek fan Mirjam van Houten bestiet út mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt foar bern fan 2 oant en mei 6 jier. De ferhaaltsjes binne ynsprutsen troch Hilly Harms, Leny Dykstra, Jan Arendz en Joop Wittermans.

De resinsje fan Irene: It simmerboek

Fan bûten sjocht it der al as in prachtich boek út. Lekker simmersk giel en útnûgjend dik. Hoewol’t ik oars hoopje, kin it mei dit boek de hiele simmer wol reine, want it boek hat hast 100 siden mei ‘simmerske ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes. Foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis.’

Universum

Floris komt wer nei Ljouwert en hy nimt ditkear ek syn âlders mei.
Yn rjochte line binne dat de pake en beppe fan Teije. Foar it earst sille we mekoar treffe. We prate ôf by in lunchkafee mei boarterstún.

Blau

Ik doch de doar iepen en sjoch yn deselde blauwe eagen. De herkenning docht my fersjitten, mar makket my ek waarm tagelyk. Hy hat deselde donkerbrune jas oan as doe’t wy elkoar foar it lêst seagen, sa’n twa jier werom.

Baby's houden van lezen

Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen.

ik wol in bosk ope jierdei

Boekresinsje: Ik wol in bosk op ’e jierdei

Foar ús leit it prachtige printeboek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’. It boek is ynspirearre op it kuierjende Bosk, in projekt fan Arcadia dat yn de simmer fan 2022 yn de binnenstêd fan Ljouwert plakfûn hat. Ik lês it boek foar oan Else (4) en Marij (7).  

in fries om utens

Aukje: In Fries om utens

Ik wenje no op Sint Maarten, mar ik kom oarspronklik fan De Pomp. Jierrenlang haw ik as keatster aktyf west op de Fryske fjilden – dat wie in prachtige tiid mei moaie suksessen.

Printables simmer

Einlik, simmer! Wolst wat leuks ophingje? Tsjek ûndersteande printables! Klik op it plaatsje foar in pdf op A4 formaat en printsje de posters út!

Printables: Tema krystfeest

Spesjaal foar heiten en memmen, pjutteboartersplakken, skoallen, bernedeiferbliuwen en gastâlders meitsje wy moaie platen dy’t jimme sels útprintsje kinne. Leuk foar yn in listje of om sa op te hingjen. Op dizze side in oantal ‘printables’ mei it tema krystfeest.

Lêstip fan Keimpe: Omke Ûle sjocht stjerren

'Omke Ûle sjocht stjerren' is de lêstip fan Keimpe fan de moanne maart 2024!