Jouwert (6) en Idske (5) krigen de jierdeikalinder mei ferskes en gedichtsjes fan Geartsje Douma. It is in hiele moaie, kleurige en fleurige kalinder. De kalinder is leuk foar elkenien dy’t fan de Fryske taal, gedichtsjes en kleur hâldt. De yllustraasjes binne fan ferskate Fryske keunstners, lykas Linda de Haan, Marijke Klompmaker en Froukje Reitsma, dy’t elk har eigen styl ynbringe, dat jout de kalinder in moaie wikseling fan byld en sfear. Der is genôch romte om de nammen op te skriuwen. De omslach is feestlik, mei kleurige konfetty, ljochte kleuren en feestlike figueren, wat makket dat it foar bern in kalinder is dy’t se der gau by pakke.
Jouwert en Idske harren foarkar giet út nei de yllustraasjes fan Tomke. De bern ha fuort harren namme by harren jierdei skreaun en ek dy fan harren grutte sus Gea en heit en mem mochten net ûntbrekke. Mar fansels moasten ek ús bisten op de jierdeikalinder. Us ponnys Epic en Sindy en hûn Zac hawwe se der ek op set. Mar doe begûn Jouwert oer syn 16 pykjes en de skiep, dy ha we allegear mar op ien datum set.
It papier is tsjok en moai materiaal om op te skriuwen, in bytsje glêd, dus net handich om mei stift op te skriuwen. Foaral net mei Idske, want dy is links, dus de earste flekken sitte ek al op de kalinder. Jout neat, dat hat ek wol wer wat. We binne oergong op potleaden, elkenien krijt in oare kleur.
De kalinder hinget hjir yn ‘e keuken, oan in spiker, op eachhichte fan de bern, sa kinne se der goed by at der wer in jierdei by moat of at we de folgjende moanne binne en de bledside omslein wurde moat.
Fia in QR-koade kinst ferskes opsykje. De ferskes binne fan Geartsje Douma en se binne hiel geskikt foar bern, it binne tagonklike en boartlike ferskes. Ik tocht earst dat it om ien ferske per QR-koade gong, mar der steane in hiel soad ferskes op! De bern ha hjir al aardich wat ôfdûnse en -songen en we ha se noch lang net allegear hân. De favoriten moatte we hieltyd wer opnij ôfspylje.
Ast de QR-koade scanst, krijst in list mei ferskes, je kinne op ien fan de ferskes klikke en dy wurdt dan daliks ôfspile.
Idske wie 11 april jierdei, troch dizze kalinder koenen we ek moai ôftelle, sa wurdt dat foar bern ek dúdliker en it makket it wachtsjen op harren jierdei wat makliker.
Al mei al in hiele leuke en bysûndere jierdeikalinder, hy hinget hjir yn ’e keuken en omdat de kalinder net bûn is oan in jier kinne we him jier op jier brûke. Lekker duorsum, dêr hâlde wy fan.
Hiel leuk om kado te jaan!
Jelly Jansje
Jelly is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Jierdeikalinder mei ferskes en gedichtsjes fan Geartsje Douma
€9,95