Resinsje Pim en Pier troch Harmke
Dit boek is ynspirearre op in wierbard ferhaal. In kranteknipsel dêroer is oan ’e ein fan it boek te finen.
Pim en Pier, it boek fan Joke Scheffer en yllustrator Wim Swart is in moai foarmjûn boek mei in eigentiidsk ferhaal. In pinguin-homostel wol ek graach in lyts pykje, mar hoe kinne je dat as twa mannen foarinoar krije? Pim en Pier ha ferskillende ideeën, Joke Scheffer nimt de lêzer mei yn de syktocht fan beide mannen.
Dit boek is ynspirearre op in wierbard ferhaal. In kranteknipsel dêroer is oan ’e ein fan it boek te finen. Dy ekstra feitsjes binne ek nijsgjirrich foar heit en mem. Der is boartlik gebrûk makke fan de foarmjouwing yn de letters en sinnen, dat jout in ekstra aardich effekt.

Us soan wie al gek op pinguins, mar troch dit boek noch mear. Pinguins neamt er no al Pim, nei ien fan de twa haadpersoanen út it boek. Pim en Pier wurde oan it begjin fan it boek foarsteld. Pim hat in mûtse op en Pier in sjaal om. Sa binne de beide oansteande heiten goed te werkennen troch it ferhaal hinne. Pim en Pier sjogge der nei út om de leuke dingen dy’t se no tegearre dogge, sa as búkglydzje, fiskjes sline en oer it iis waggelje, ek mei in pykje te dwaan. It ferhaal hat in moai rûn ein, trije kear riede wat it pykje mei syn heiten docht oan ’e ein fan it boek. Jawis: búkglydzje, fiskjes sline en oer it iis waggelje.
Dit boek is net allinnich moai en leuk, it is ek goed foar bern dat se fanôf jonge leeftiid ferhalen hearre oer in oare gesinssituaasje as in tradisjonele húshâlding. Dêrneist is it fijn om wer in boek fan in Fryske skriuwer te hawwen. Wy sjogge út nei it folgjende ferhaal fan Joke Scheffer en Wim Swart.

Pim en Pier
Pim en Pier binne twa mantsjepinguins. Se binne altyd byelkoar. Pim soe hiel graach in pykje ha wolle mei Pier, mar hoe moatte se dat ha? En soene se it pykje dan wol tegearre grutbringe kinne?
In waarm printeboek, ynspirearre op in wierbard ferhaal.
Leeftyd: 3 – 5 jier.
Boekresinsje: ‘De bûseskatten fan Poike’ troch Pytrik de Groot
Och, wat in moai boek, dat wie it earste wat ik tocht doe’t ik hem beseach. In dik kaft, altyd noflik mei bern, en op in moaie wize yllustrearre, en mei in dúdlik lettertype skreaun. It elastyk kin brûkt wurde as boekelizzer, mar is ek handich foar de bûseskatten dy’t je sammelje kinne yn it boek.
Boekresinsje: ‘De Geheime doar’ troch Geartsje Rispens-Klaversma
Ik mocht een recensie schrijven over het boek ‘De geheime doar’ van Lida Dykstra. Na de bevestiging heb ik gewacht tot het in de brievenbus lag.
Boekresinsje: ‘Dat is moai Frysk!’ troch Corrie Kamminga
Dat is moai Frysk! is in alleraardichst boekje oer, fansels, it Frysk. Oan ’e hân fan 8 tema’s wurdst meinaam yn de wrâld fan it Frysk. Sa fynst ferhaaltsjes mei útlis wêrom’t krekt dy spesifike wurden brûkt wurde, lêst blokjes mei útlis oer wurden dy’t in soad opinoar lykje of learst dat Nederlânske wurden dy’t we faak brûke dochs net Frysk binne. It wurd ‘leuk’ is bygelyks sa’n wurd. Aardich om te witten, no? Tink no net dat it boekje dy mei it opstutsen fingerke terjochte stiet te wizen, just net.