Zoek op inhoud

Boekresinsje: ‘De bûseskatten fan Poike’ troch Pytrik de Groot

Och, wat in moai boek, dat wie it earste wat ik tocht doe’t ik hem beseach. In dik kaft, altyd noflik mei bern, en op in moaie wize yllustrearre, en mei in dúdlik lettertype skreaun. It elastyk kin brûkt wurde as boekelizzer, mar is ek handich foar de bûseskatten dy’t je sammelje kinne yn it boek.

It boek hat koarte ferhalen oer Poike en it hat wol wat fan Jip en Janneke, want dêr giet it ek faak oer aventoeren, en foar elk bern is der herkenning, sawol yn de tekeningen as yn de ferhalen.
Poike is in famke dat harsels graach rêde wol en de wrâld sels ûntdekke wol. Hoe’t se tinkt, wurdt beskreaun op in moaie, blide wize en bringt in soad herkenberens foar de bern mei. Hoe sizze je sorry? Hoe fange je de sinne? Hoe meitsje je fan ‘neat’ dochs hiel folle?


Tusken de ferhalen stean foto’s fan alderhande bûseskatten. Wat de mearwearde dêrfan is, wit ik eins net, ik miste dêrby de direkte link nei it ferhaal. Mar it helpt om bern sels prate te litten en mei harren eigen ferhalen te kommen, eat dat hiel wichtich is yn harren ûntwikkeling.
Wat ik it moaie deroan fûn, is dat dit boek bern oanset om op ’en paad te gean, nei bûten, op aventoer, om op syk te gean nei eigen skatten. It hat ús blokjes om wat ekstra’s brocht: guod sammelje. En de fraach ‘wat is no ôffal en wat is no in bûseskat’ is dan in tige leuk ûnderwerp.


Achter yn it boek steane moaie nifeltips en -wurkjes; absolút leuk om te dwaan, en ek al bist gjin nifelkont, it binne gjin drege knutsels. En dat je yn in boek kleurje meie, wie foar ús dochter eat dat oars dochs écht net mei!


Al mei al in boek dat ik passen fyn by bern tusken de 3 en 7 jier om foar te lêzen, âldere bern kinne it sels lêze. In boek dat poergeskikt is foar by pake en beppe, of om mei te nimmen at je nei it strân of bosk geane.

Fan in snoeppapierke oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in wolk yn in pûdsje, fan in kleurige plestik dop oant in wjirm, allegear kinne it bûseskatten wêze. Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld. Wat is der dan ek moaier as bûten om te strunen en skatten te ûntdekken en te sammeljen?

De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en knutselwurkjes ynspirearre op sammele bûseskatten.

Boekresinsje ‘De bûseskatten fan Poike’ troch Thominde

De titel van dit boek past heel goed bij mijn dochter van 6 jaar en zoontje van 4 jaar. Elke dag uit school kijk ik hun tassen en hun jassen na, om bijzondere schatten te ontdekken. Van meelwormen (voor de schoolkippen) tot diamantjes  die op de grond van het schoolplein lagen en van klei  (wat lekker vastgekleefd zit in de jas) tot steentjes die ze als ‘maansteen’ bestempelen. Elke dag is weer een feest wat ze hebben verzameld. Dus toen ik een recensie mocht schrijven over dit boek, wist ik dat dit een voltreffer zou zijn bij de kinderen.

In Fries om utens: Femmigje


Femmigje (43), Bjarke (49), Matheo (14) en Daniel (7) Andersen-Sijtsma wenje yn Bodø, Noarwegen. Femmigje is opgroeid yn Hallum. Bjarke komt út Denemarken en Matheo en Daniel binne berne yn Súd-Afrika. 

Resinsje ‘Stip syn moaiste ferhalen’ troch Marlies

‘Memmy. de postboade hat in kadootsje brocht.’ Tegearre mei ús Jelte pak ik it pakketsje út, wat in feest. ‘Oh yes isse Stip’, is syn earste reaksje. We begjinne daliks te lêzen.

Boekresinsje ‘De wurdskat’ troch Antje

It printeboek ‘De wurdskat’ is in skat op himsels. It begjint al op it kaft en ast it boek iepenslachst, sjochst alderhande nijsgjirrige Fryske wurden. Dat jout fuort ek de sfear oan dy’t yn it hiele boek te fielen is: boartlik, licht, fleurich. Ast fierder blêdest, sjochst mei-ien wichtige ynformaasje oer de skriuwers/yllustrators: ien hâldt derfan om mei de holle yn de wolken te rinnen en de oare hâldt derfan om it seil te hisen. Bûtenminsken dy’t tagelyk grafysk goed ûnderlein binne. En dat is ek hoe’t it boek ynelkoar stekt. Ferbylding en betsjoening kombinearre mei soks as in wurd. Want wurden ferbyldzje en jouwe dy in bepaald gefoel.